Stasjon Oisterwijk
station Oisterwijk
Stasjon Oisterwijk yn 2017
Stasjon Oisterwijk yn 2017
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Gemeente Oisterwijk
plakOisterwijk
adresDe Reigerstraat 78
arsjitektuer
stasjonskoadeOt
typeTrochgongsstasjon
iepening1 maaie 1865
boujier1863
arsjitektKarel Hendrik van Brederode
monumintale statusRyksmonumint
monumintnûmer31367
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren2
spoarlineSteatsline E
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Oisterwijk (Noard-Brabân)
Stasjon Oisterwijk

Stasjon Oisterwijk (Ot) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Oisterwijk yn de provinsje Noard-Brabân. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de sân stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

Gebou

It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 1 maaie 1865 foar treinreizgers doe't ek dyt part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1908 is oan de linkerkant in fleugel oanboud. It stasjon bestiet út 2 spoaren, 1 langsperron, en in eilânperron. De twa perrons binne oanlein yn bajonetlizzing, en fia in tunnel mei inoar ferbûn. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as kantoar en ytgelegenheid.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
6400 Sprinter (NS) Tilburch UniversiteitTilburchOisterwijkEindhoven Sintraal – Weert Jûns en yn it wykein wurdt der 1 x / oere riden op it hiele trajekt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.