Stasjon Maastricht
Station Maastricht
Stasjon Maastricht yn 2022
Stasjon Maastricht yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Maastricht
plak Maastricht
adresStationsplein 2904a
arsjitektuer
stasjonskoadeMt
typeTrochgongstasjon
iepening23 oktober 1853
boujier1853 1e stasjonsgebou
1856 2e stasjonsgebou
1865 3e stasjonsgebou
1913 4e stasjonsgebou
sloopjier1856 1e stasjonsgebou
1865 2e stasjonsgebou
1913 3e stasjonsgebou
arsjitekt1853
ûnbekende arsjitekt
1e stasjonsgebou
1856
>ûnbekende arsjitekt
2e stasjonsgebou
1865
ûnbekende arsjitekt
3e stasjonsgebou
1998
G.W. van Heukelom
4e stasjonsgebou
monumintale statusRyksmonumint
monumintnûmer506688
oare ynformaasje
perrons3
perronspoaren6
spoarlineSteatsline E
Aken - Maastricht
Hasselt - Maastricht
Luik - Maastricht
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Maastricht (Maastricht-Sintrum)
Stasjon Maastricht

Stasjon Maastricht (Mt) is in spoarweistasjon yn de stêd Maastricht yn de provinsje Limburch. En waard iepene yn 1853 oan it Spoar fan Aken nei Maastricht. Yn dizze Limboarchske stêd is yn 1913 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1853 iepene.

Gebou

tekening fan it 1e stasjonsgebou stasjon maastricht om en de by 1854
ien fan trije gebouwen op stasjon Maastricht yn 1910

It oarspronklike stasjonsgebou fan Maastricht wie in laach en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. En stie in kilometer benoarden fan it hjoeddeiske stasjon. It stasjon stie sa likernôch op de hjoeddeistige lokaasje fan de NS-ûnderhâldswurkplakken.

Trije jier letter moast it stasjon alwer ferpleatst wurde foar de oanlis fan de spoarline nei Hasselt. Dêrnei folge in spoarferbining mei Luik en as lêste de steatsline E nei Breda en de rest fan Nederlân (1865). Dat resultearre yn twa ekstra stasjonsgebouwen op it emplasemint dat fan de Grand Central Belge en dat fan it Steatsspoar. Om't Maastricht yn die tiid in Fêstinstêd wie foldiene de stasjons oan de doetiids jildende Fêstingswet, en derom lei it stasjon ek in ein bûten de stêd.

Yn 1913 waard it hjoeddeistige stasjon boud nei in ûntwerp fan G.W. van Heukelom. In presintaasjemodel fan gips út 1911 is noch hieltyd te sjen yn it spoarweimuseum. It yn rasjonele styl ûntwurpen stasjonsgebou is sterk ynspirearre troch de arsjitektuer fan Berlage. It stasjonsgebou oplutsen út 2 miljoen bakstiennen mei fraaie detaillearringen yn granyt wie tagelyk it earste stasjon yn Nederlân mei perronoerkapings yn wapene beton. It stasjon is in kombinaasje fan in kopstasjon en in stasjon foar trochgeande treinen. It yn gebrûk nimmen fan dit foar dy tiid tige moderne stasjon fûn plak op 17 oktober 1915. It brûken fan it stasjon is yn de rin fan de tiid bot feroare, sa binne alle dûanefunksjes ferdwûn lykas de trije wachtkeamers en de aparte wachtkeamers foar arrestanten en swaksinnigen.

Fan 1915 oant 1964 bestie der in oerdutsen fuotgongersbrêge oer it spoar. Dy lei oan de súdkant fan it stasjon, wat noardlik fan de spoarweioergong Scharnerweg. De rinbrêge waard yn Maastricht altyd mei de Frânske beneaming passerelle oantsjut. De passerelle waard ôfbrutsen nei it ree kommen fan de Scharnertunnel, dêr't ek in fuotgongerstunnel diel fan útmakke. Yn 1983 waard it twadde eilânperron oanlein en waard in nije passerelle boud tusken it stasjonsgebou en de Meerssenerwei, ûngefear op 'e hichte fan de Villa Wyckerveld, sa 'n 150 m noardlik fan de âlde lokaasje fan de eardere paserelle.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermond – Weert – Eindhoven SintraalDe BoskUtert-SintraalAmsterdam SintraalAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
2900 Intercity (NS) Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam SintraalUtert-SintraalDe BoskEindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittardMaastricht Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
32700 Nachttrein (Arriva)[1] MaastrichtSittardRoermond – Weert – Eindhoven SintraalDe BoskUtert-Sintraal – Skiphol Airport Alinne freedtenachts
RE 18
32000
Sneltrein
Regional-Express
(Arriva)
Maastricht RandwyckMaastricht – Hearlen – Landgraaf – Herzogenrath – Aken Hbf
RS 18
32000
Stoptrein (Arriva) Maastricht Randwyck – MaastrichtSittardRoermond
RS 12
32400
Stoptrein (Arriva) Maastricht Randwyck – Maastricht – Hearlen – Landgraaf – Eygelshoven – Chevremont – Kerkrade Sintrum
S 43
5300
S-trein Luik (NMBS) Maastricht – Wezet – Luik-Guillemins – Tongeren – Diepenbeek – Hasselt
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.