Stasjon Lage Zwaluwe
Station Lage Zwaluwe
Stasjon Lage Zwaluwe yn 2009
Stasjon Lage Zwaluwe yn 2009
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
gemeente Moerdijk
plakLage Zwaluwe
adresWestelijke Parralelweg
arsjitektuer
stasjonskoadeZlw
typeTrochgongstasion
iepening1 july 1866
boujier1883 1e stasjonsgebou
1950 2e stasjonsgebou
2003 3e stasjonsgebou
sloopjier1945 1e stasjonsgebou
2001 2e stasjonsgebou
arsjitekt1883
ûnbekende arsjitekt
1e stasjonsgebou
1950
S. van Ravesteyn
2e stasjonsgebou
2003
E. Megens
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons3
perronspoaren4
spoarlineSteatsline I
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Lage Zwaluwe (Noard-Brabân)
Stasjon Lage Zwaluwe

Stasjon Lage Zwaluwe (Zlw) is in spoarweistasjon yn Lage Zwaluwe gemeente Moerdijk yn de provinsje Noard-Brabân en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). Yn dit Brabânske plak is yn 2003 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.

Gebou

1e stasjonsgebou Stasjon Lage Zwaluwe om en de by 1905
2e stasjonsgebou stasjon Lage Zwaluwe yn 1950

It earste stasjon iepene op 1 maaie 1870 syn doarren foar treinreizgers. It earste stasjonsgebou wie in gebou mei in heech middenpart mei twa puntgevels oan wjerskanten en oan beide kanten in fleugel. It gebou waard yn 1945 ôfbrútsen nei't it slim skansearre rekke wie yn de Twadde Wrâldkriich.

It stasjonsgebou waard yn 1950 ferfongen, nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle, in lang en leech ienfâldich gebouke mei sealtek en in aksintuearre yngong.

It stasjonsgebou út 1950 waard yn 2001 ôfbrútsen en ferfongen troch twa treppenhúzen mei liften en in glêzen fuotgongersbrêge der tusken yn, mei twa wachtromtes midden op de brêge, mei útsjoch op de spoaren en it grutte rangearterrein by Lage Zwaluwe, fan de hân fan arsjitekt Edwin Megens.





Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenLage ZwaluweDoardt
5900 Sprinter (NS) DoardtLage ZwaluweRoosendaal Jûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere.
6600 Sprinter (NS) DoardtLage ZwaluweBredaTilburchDe Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.