Stasjon Koog oan de Saan
station Koog aan de Zaan
Stasjon Koog oan de Saan yn 2006
Stasjon Koog oan de Saan yn 2006
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
plakKoog oan de Saan
adresSpoorland 43
arsjitektuer
stasjonskoadeKz
typeTrochgongsstasjon
iepening1 novimber 1869
boujier1959 1e stasjonsgebou
1986 2e stasjonsgebou
sloopjier1986 1e stasjonsgebou
arsjitekt1959
W.B. Kloos
1e stasjonsgebou
1986
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren2
spoarlineSteatsline K
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Koog oan de Saan (Noard-Hollân)
Stasjon Koog oan de Saan

Stasjon Koog oan de Saan (Kz) is it spoarweistasjon fan Koog oan de Saan yn de gemeente Saanstêd en waard iepene yn 1869 oan de Steatsline K (Amsterdam - De Helder).

Gebou

stasjon Koog oan de Saan yn 1958
1e stasjonsgebou stasjon Koog oan de Saan yn 1967

Stasjon Koog oan de Saan krige yn 1959 in offisjeel stasjonsgebou, oant die tiid hie it stasjon in houtene loket oan it perron. It gebou wie in standerttype Vierlingsbeek fan arsjitekt Willem Kloos en wie ien fan de tolve gebouwen fan dit type dat ea boud is.

Yn 1986 waard it earste stasjonsgebou ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma, in stasjonsgebou yn de foarm fan 2 heale moannen, ynspirearre op de Maagdenburger heale bollen. Yn it gebou wie ien loket en in wachtromte. Sûnt 2008 is it gebou yn gebrûk as kiosk foar iten.

Namme

Oant 2016 hjitte it stasjon "Koog Bloemwijk". Yn 2010 fersocht de gemeente Saanstêd de NS om dizze namme en fan dy fan stasjon "Koog Saandyk" (tsjintwurdich Saandyk-Saanske Skâns) te feroarjen. Dizze nammen soene betiizjend wêze foar toeristen en reizgers dy't net bekend binne mei de regio. Toeristen dy't de Saanske Skâns besykje wolle, soene har maklik yn 'e twa stasjons fersinne kinne. Dit fersyk waard doetiids ôfwiisd. Yn 2014 die de gemeente op 'e nij in fersyk. Uteinlik stimde de NS yn july 2016 yn, en fiert sûnt de tsjinstregeling fan 2017 de nije nammen.[1]

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4000 Sprinter (NS) UitgeestKoog oan de SaanSaandamAmsterdam SintraalBreukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal
7400 Sprinter (NS) UitgeestKoog oan de SaanSaandamAmsterdam SintraalBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boarnen sjoch Wikipedy nl
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.