Stasjon Kapelle-Biezelinge
station Kapelle-Biezelinge
Stasjon Kapelle-Biezelinge yn 2008
Stasjon Kapelle-Biezelinge yn 2008
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Kapelle
plakKapelle
adresStationsstraat 53
arsjitektuer
stasjonskoadeBzl
typeTrochgongsstasjon
iepening1 july 1868
boujier1863
arsjitektKarel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren2
spoarlineSteatsline F
1277 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Kapelle-Biezelinge (Seelân)
Stasjon Kapelle-Biezelinge

Stasjon Kapelle-Biezelinge (Bzl) is in stasjon yn de Nederlânske doarp Kapelle yn de provinsje Seelân. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

Gebou

It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 1 july 1868 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline F oanlein wie. Yn 1870 is der oan de rjochterkant in koarte fleugel oanboud. Oant 1888 hjitte it stasjon, stasjon Kapelle. Yn 1916 krige it middenpart der in ferdjipping by.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalKapelle-BiezelingeMiddelburchFlissingen
12200 Intercity
(NS)
RoosendaalBergen op SoomGoesKapelle-BiezelingeMiddelburchFlissingen rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins.
6100 Sprinter (NS) RoosendaalBergen op SoomGoesKapelle-BiezelingeMiddelburchFlissingen In oeretsjinst, rydt net jûns en yn it wykein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.