Stasjon Houten station Houten | ||
Stasjon Houten yn 2012 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Houten | |
plak | Houten | |
adres | Onderdoor 82 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Htn | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 novimber 1868 23 maaie 1982 Weriepening | |
sluting | 1 jannewaris 1935 | |
boujier | 1866 1e stasjonsgebou 1982 2e stasjonsgebou 2008 3e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1866 Karel Hendrik van Brederode [1] 1e stasjonsgebou 1982 J. Bak 2e stasjonsgebou 2008 H. Woltjer 3e stasjonsgebou | |
monumintale status | Gemeentlik monumint 1e stasjonsgebou | |
monumintnûmer | 0321/150 1e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline H | |
7864 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Houten (Htn) is in spoarweistasjon yn Houten en waard iepene yn 1868 oan Steatsline H (Utert-Sintraal - Boxtel) iepene. Yn dizze Utertse stêd is yn 2008 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.
Gebou
It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Gerrit van Diesen en iepene op 1 novimber 1868 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Houten. En wie ien fan de seis stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie, en it ienichste fan dit type dy't noch oanwêzich is. Yn 1935 waard it stasjon sletten, mar yn 1982 waard it stasjon op 23 maaie weriepene.
It nije stasjon kaam al op in oare lokaasje as it eardere stasjon. It âlde stasjonsgebou hat nei de sluting yn 1935 tsjinst dien as basisskoalle en wenhûs foar meardere gesinnen. Ien fan de húshâldingen wie de seinhûswachter dy 't de njonkenlizzende oerwei en de wiksels betsjinne. Yn 1984 besleat de Houtense gemeenteried om it âlde stasjonsgebou te slopen. Nei protest fan de direkte buorlju en in hantekenaksje, oerwage de gemeenteried syn beslút. Fan 1986 ôf wie it gebou yn gebrûk as bedriuwssammelgebou. It nije stasjon kaam mear noardlik te lizzen en waard ûntwurpen troch arsjitekt Hans Bak.
It stasjonsgebou út 1982 waard yn 2008 ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Henk Woltjer. Om't it tal spoaren waarden útwreide it âlde stasjonsgebou út 1866 dat noch altyd op de eardere stasjonslokaasje stie moast hjir om sels 150 meter ferpleatst wurde. It nije stasjon kaam heger te lizzen as it stasjon út 1982. It stasjonsgebou út 1866 is hjoed-de-dei yn gebrûk foar deibesteging.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
6000 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Houten – Geldermalsen – De Bosk | |
6900 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Gouda – Utert-Sintraal – Houten – Utert Geldermalsen – Tiel |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|