Stasjon Hengelo station Hengelo | ||
Stasjon Hengelo yn 2019 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Hengelo | |
plak | Hengelo | |
adres | Stationsplein 3 51 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hgl | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 18 oktober 1865 | |
boujier | 1866 1e stasjonsgebou 1899 2e stasjonsgebou 1951 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1898 1e stasjonsgebou 1944 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1866 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1899 G.W. van Heukelom 2e stasjonsgebou 2021 H.G.J. Schelling 3e stasjonsgebou | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0164/WN102 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline D Almelo - Salzbergen | |
6.951 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Hengelo (Hgl) is in spoarweistasjon yn Hengelo en waard iepene yn 1865 oan it spoar fan spoar fan Almelo nei Salzbergen in jier letter waard Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) iepene. Yn dizze Oeriselske stêd is yn 1951 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.
Gebou
Hengelo hat ienearsten in needgebou hân as stasjonsgebou, dit duorre in jier foar yn 1966 it earste stasjonsgebou ree kaam It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it Type Hengelo. Hengelo groeide rap oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en ek de bedriuwichheid naam ta. Om't de spoarbomen hiel faak ticht wiene, waard der in rinbrêge oer it spoar boud, mar foar it ridende ferkear wie dat gjin oplossing. Yn 1899 waard dan einlings de machtiging troch Den Haag jûn om in nij stasjon te bouwen. It earste stasjonsgebou wie doe al ferfongen troch in needgebou.
It nije stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom De kosten foar it gebou en de opheging fan it emplasemint en alle keunstwurken lykas tunnels waarden doe op f 2.300.000 rûsd. It waard in asymmetrysk stasjonsgebou. Mei in poarteftige yngong. Beide sydgevels wiene hiene in tuorke, mar dizze tuorkes wiene net like grut.
It stasjonsgebou út 1899 rekke yn 1944 ta gefolch fan de Twadde Wrâldkriich slim skansearre. Yn de Twadde Wrâldkriich waard Hengelo, benammen fanwegen de strategyske yndustry dy't dêr fêstige wie, geregeld bombardearre. Dêrby waard it sintrum fan de stêd op 6 en 7 oktober 1944 sa goed as gehiel ferneatige. De boppeferdjipping wie foar in grut part fernield en werbou soe in soad jild koste hawwe. De Nederlandse Spoorwegen namen it beslút om it te slopen en troch in nij gebou te ferfangen. Yn 1951 kaam it nije stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Schelling ree. Yn de tuskentiid waarden de funksjes fan it stasjonsgebou útfierd yn de perrongebouwen. It nije stasjonsgebou is lyk as de stasjongsgebouwen fan Sutfen en Ynskedee útfierd yn beton.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
140/240 IC 77 |
Intercity (NS International DB Fernverkehr) |
Amsterdam Sintraal – Hilfertsom – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Bad Betnheim – Rheine – Osnabrück Hbf – Hannover Hbf – Wolfsburg Hbf – Stendal – Berlin-Spandau – Berlin Hbf – Berlin Ostbahnhof | Rydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn. |
1600 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
1700 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Gouda – Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
7000 | Sprinter (NS) | Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
RS 23 7900 |
Stoptrein (Keolis) | Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
IC 23 17900 |
Intercity (Keolis) | Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
RB 61 20350 |
Stoptrein (Keolis) | Hengelo – Bad Bentheim – Rheine – Osnabrück Hbf – Bünde – Bielefeld Hbf | |
RS 24 31200 |
Stoptrein (Keolis) | Sutfen – Hengelo – Oldenzaal | In healoeretsjinst |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|