Stasjon Hearhugowaard station Heerhugowaard | ||
2e stasjonsgebou yn 2008 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Dyk en Waard | |
plak | Hearhugowaard | |
adres | Stationsplein 39 203 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hwd | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 20 desimber 1865 | |
boujier | 1862 1e stasjonsgebou 1967 2e stasjonsgebou 1989 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1967 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1862 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1967 Cees Douma 2e stasjonsgebou 1976 R.M.J.A. Steenhuis 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline K | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Hearhugowaard (Hwd) is in spoarweistasjon yn Hearhugowaard en waard iepene yn 1865 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal). Yn dit Noard-Hollânske doarp waard yn 1989 it tredde stasjonsgebou sûnt 1862 iepene.
Gebou
It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 20 desimber 1865 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. Yn 1872 krige it stasjon in oanbou mei sealtek dy't nije reizgers yngong befettet.
Yn 1967 waard it earste stasjonsgebou sloopten ferfongen troch in ûntwerp dat bekend stiet as Standerttype Douma ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma.
Yn 1989 waard oan de súdkant fan it stasjon in nij stasjonsgebou nei in ûntwerp fan arsjitekt Rob Steenhuis boud om't Hearhugowaard oan dy kânt flink útwreiden waard. It twadde stasjonsgebou út 1967 bleau lykwols ek bestean. En is hjoed-de-dei yn gebrûk as snackbar.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – Hearhugowaard – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
3000 | Intercity (NS) | Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – Hearhugowaard – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
4800 | Sprinter (NS) | Amsterdam Sintraal – Haarlim – Alkmar – Hearhugowaard – Hoarn | Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|