Stasjon Flissingen Station Vlissingen | ||
Stasjon Flissingen yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Seelân | |
Gemeente | Flissingen | |
plak | Flissingen | |
adres | Prins Hendrikweg 11 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Vs | |
type | Kopstasjon | |
iepening | 1 septimber 1873 | |
boujier | 1872 1e stasjonsgebou 1892 2e stasjonsgebou 1950 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1892 1e stasjonsgebou 1944 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1864 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1892 D.H. Haverkamp 2e stasjonsgebou S. van Ravesteyn 3e stasjonsgebou | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 530882 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline F | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Flissingen (Vs) is it stasjon fan de Nederlânske stêd Flissingen yn de provinsje Seelân, en waard iepene yn 1865 oan de Steatsline F (Roosendaal - Flissingen). Yn dy stêd waard yn 1950 it tredde stasjonsgebou sûnt 1872 iepene.
Gebou
It oarspronklike spoarweistasjon fan Flissingen wie in in leech en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. Der wiene ek dûanefasiliteiten yn it gebou.
It 1e stasjonsgebou út 1872 waard yn 1892 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou. It nije stasjonsgbou wie in ûntwerp fan arsjitekt D.H. Haverkamp yn de styl fan de Neorenêssânse, dêr’t de yngong him skean op de súdwestlike hoeke befûn. It gebou hie ûnder oare in spesjale wachtkeamer foar foarstlike persoanen. It stasjon krige trije perronnen foarsjoen fan in perronkape dêr't de pylders en in part fan de kape noch fan besteane. It gebou waard op 15 septimber 1894 yn gebrûk naam. Fiif jier letter, yn 1899, ûntstie der lykwols in grutte ravaazje, doe't in stoomlokomotyf út Amsterdam stikkene remmen hie, wêrnei't de trein it perron en de stasjonsrestauraasje trochboarre. Dat treinûngelok by Flissingen koste twa kondukteurs en de achttjinjierrige dochter fan de Switserske gesant yn Berlyn Arnold Roth it libben.
Yn 1944 rekke it stasjonsgebou slim skansearre by in bombardemint.
As ferfanging ferriisde tusken oktober 1949 en septimber 1950 it hjoeddeiske stasjonsgebou nei in ûntwerp fan arsjitekt Sybold van Ravesteyn, in gebou yn de neobarokke styl dúdlik yn it gebou te werkennen is. De offisjele iepening fan it stasjon wie op 18 desimber 1950. Parten fan de perrons, perronoerkaping en muorrewurk fan it stasjonsgebou út 1892 bleaune behâlden.
Yn it eastlik part fan it haadgebou is in stasjonsrestauraasje fêstige mei dêrfoar in smel, ferhege, terras mei lege natuerstiennen balustrade. Oan 'e westkant is in aparte fleugel mei in fytsestalling, dêrefter stiet in frijsteand tsjinstgebou. Al dy ûnderdielen wurde fia it oan de stasjonshal grinzgjende part fan de perrons mei-inoar ferbûn. It gebou is rom foarsjoen fan foar Van Ravesteyn kenmerkjende details as rûne en fjouwerkante kantele ruten, fersieringen op de daklist en bylden oan de gevel.
Oan de bûtengevels fan it stasjon binne fjouwer keramykbylden fan byldhouwer Jo Uiterwaal pleatst mei foarstellingen dy 't ferwize nei de spoarferbining en de provinsje Seelân. Foar de yngong fan de fytsestalling stiet in troch de gemeente Vlissingen skonken natuerstiennen blombak mei byldhoud NS-embleem en opskrift "Vlissingen 1950". Yn de stasjonshal stiet in byld ta oantinken oan de publikaasje fan de Siuwske line, makke troch byldhouwer Philip ten Klooster en ûntbleate op 17 april 1957
Oan de eastkant fan de stasjonshal wiene oarspronklik de loketten fêstige. Yn juny 2004 binne dizze sletten, mar ein 2010 iepene hjir in fernijde kiosk. Lange tiid wie oan ’e westkant fan ’e stasjonshal in filiaal fan it grinswikselkantoar fêstige, mar nei it sluten dêrfan ein 2001 waard dat part fan ’e stasjonshal wer yn syn oarspronklike steat werombrocht..
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
2200 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leiden Sintraal –De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Middelburch – Flissingen | |
12200 | Intercity (NS) |
Roosendaal – Bergen op Soom – Goes – Middelburch – Flissingen | rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins. |
6100 | Sprinter (NS) | Roosendaal – Bergen op Soom – Goes – Middelburch – Flissingen | In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|