Stasjon Doardt station Dordrecht | ||
![]() | ||
![]() | ||
Stasjon Doardt yn 2014 | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
plak | Doardt | |
adres | Stationsplein 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ddr | |
iepening | 1 jannewaris 1872 | |
boujier | 1870 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 522309 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 7 | |
spoarline | Steatsline I Spoar fan Elst nei Doardt | |
24.483 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
![]() ![]() |
Stasjon Doardt (Ddr) is it âldste spoarstasjon fan de stêd Doardt, yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It op 1 jannewaris 1872 iepene stasjon leit besuden it sintrum, by de njoggentjinde-iuwske skyl. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS earste klasse, en is ien fan de twa stasjons dy't yn dizze klasse boud is, de oar is Stasjon Swol.
Gebou
It stasjon leit bûten de eardere stedsmuorren fan Doardt en bûten de eardere bebouwing. Om de stêd te ferbinen mei it stasjon is in streekrjochte trochstek nei de stêd oanlein, de Johan de Wittstrjitte. Lâns dizze rûte is yn 1879 in hynstetramwei iepene nei it sintrum fan Doardt en de Merwekade, dêr 't oansluting wie op de fearboaten nei de streek. Dizze tram is yn 1919 opheft. It stasjonsgebou is yn neorenêssânsestyl oplutsen en falt op troch syn monumintale boustyl. Yn de tiid dat it stasjon boud waard, stie it op it grûngebiet fan de doetiidske gemeente Dubbeldam.
Stasjon Doardt beskikt oer trije perrons mei dêrlâns sân perronspoaren: 1 oant en mei 5, 15 en 20. De spoaren 1 oant en mei 5 wurde brûkt foar trochgeande treinen, perronspoar 15 is in kopspoar oan de eastkant, yn gebrûk foar treinen rjochting Geldermalsen en it westlike kopspoar 20 wurdt allinnich yn de moarntiid brûkt troch in Sprinter rjochting Rotterdam. Dêrneist hat Doardt noch in tal frachtspoaren. Oan 'e westkant fan it emplasemint, op 'e hichte fan de eardere Spoarweihaven, slút de stamline nei de Doardtske havens oan.
Yn 1995 is in tredde spoar rjochting Lage Zwaluwe oanlein. Dit om frachttreinen de mooglikheid te jaan om te wachtsjen bûten it stasjon sûnder reizgerstreinen te hinderjen. Ek kommende fan Geldermalsen is in ekstra spoar oanlein.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
2200 | Intercity (NS) | Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Flissingen | |
2400 | Intercity (NS) | Lelystêd Sintrum – Almere Bûten – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt | |
3700 | Intercity (NS) | Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. |
21400 | Intercity (NS) | Rotterdam Sintraal – Doardt – Eindhoven Sintraal – Utert-Sintraal | Alinne freedtenachts |
5000 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt | Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns. |
5100 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt | |
5900 | Sprinter (NS) | Doardt – Roosendaal | Jûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere. |
6600 | Sprinter (NS) | Doardt – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal | Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v. |
7100 | Sprinter (Qbuzz) | Doardt – Gorkum | |
7300 | Sprinter (Qbuzz) | Doardt – Gorkum – Geldermalsen |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|