Stasjon Delfsyl
station Delfzijl
Stasjon Delfsyl (2021)
Stasjon Delfsyl (2021)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
plak Delfsyl
adresJohan van den Kornputplein
arsjitektuer
stasjonskoadeDz
typeStanderttype Snits
iepening15 juny 1884
boujier1883
monumintale statusRyksmonumint
monumintnûmer352059
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren2
spoarlineGrins - Delfsyl
buslineQbuzz
In spurt fan Arriva oan it perron oan efterkant fan it stasjonsgebou (2009)
In spurt fan Arriva oan it perron oan efterkant fan it stasjonsgebou (2009)
Stasjon Delfsyl (1973)
Stasjon Delfsyl (1973)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Delfsyl (Grinslân)
Stasjon Delfsyl

It stasjon Delfsyl (Dz) is it spoarstasjon fan de Grinslânske stêd Delfsyl en is it einstasjon oan it spoar fan Grins nei Delfsyl. It spoar rint lykwols fierder eastlik fan it stasjon, dochs is allinnich ornearre foar frachttreinen. It stasjon waard yn 1883 boud en iepene op 15 juny 1884. Treintsjinsten wurde fersoarge troch Arriva.

Bustsjinsten wurde troch Qbuzz ek fan it stasjon ôf fersoarge.

Gebou

It stasjonsgebou is fan it Standerttype Snits. Dat type waard yn de 1880-er jierren brûkt foar it bouwen fan seis Nederlânske spoarstasjons. Dêr binne der noch trije fan oer: Delfsyl, Snits en Tiel. Likense gebouwen yn Appingedam, Gorkum en Warkum binne ûnderwilens sloopt.

Eartiids setten der op it stasjon ek treinen ôf fan it spoar fan Súdbroek nei Delfsyl (1910-1934) en fan it Woldjespoar dy't oer Duerswâld nei Grins rûn (1929-1941).

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 5
37700
Stoptrein (Arriva) GrinsStasjon Delfsyl

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.