Stasjon Castricum station Castricum | ||
Stasjon Castricum yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Castricum | |
plak | Castricum | |
adres | Stationsweg 8 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Cas | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 maaie 1867 | |
boujier | 1866 1e stasjonsgebou 1969 2e stasjonsgebou 2021 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1866 1e stasjonsgebou 2020 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1866 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1969 C. Douma 2e stasjonsgebou 2021 Wienke Scheltens 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline K | |
7493 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Castricum (Cas) is in spoarweistasjon yn Castricum en waard iepene yn 1867 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal). Yn dit Noard-Hollânske doarp is yn 2021 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.
Gebou
It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 maaie 1867 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. Yn 1912 waard der oan de rjochterkant in oanbou pleatst besteand út in heech en in leech part.
Yn 1969 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In kantich gebou mei plat dak, en mei in troch de gemeente kado dien karriljon mei oerwurk.
It stasjonsgebou út 1969 waard yn 2020 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekte Wienke Scheltens. Om't it stasjon út 1969 net mear foldie, en striemin tagonklik wie foar reizgers mei in rolstoel. Sa kaam der net allinne in nij stasjonsgebou mar ek in nije reizgerstunnel mei treppen en liften. It karriljon út 1969 is hjirby behâlden bleaun. It nije stasjonsgebou waard yn 2021 iepene.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Castricum – Alkmar – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
3000 | Intercity (NS) | Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Castricum – Alkmar – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
4800 | Sprinter (NS) | Amsterdam Sintraal – Haarlim – Castricum – Alkmar – Hoarn | Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|