Stasjon Breukelen
station Breukelen
Stasjon Breukelen yn 2020
Stasjon Breukelen yn 2020
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Stichtske Fecht
plak Breukelen
adresAmerlandseweg 13
arsjitektuer
stasjonskoadeBkl
iepening18 desimber 1843
boujier1872 1e stasjonsgebou
1980 2e stasjonsgebou
sloopjier1980 1e stasjonsgebou
2006 2e stasjonsgebou
arsjitekt1872
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons1
perronspoaren2
spoarlineRhijnspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Breukelen (Utert)
Stasjon Breukelen

Stasjon Breukelen (Bkl), iepene op 18 desimber 1843, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Breukelen yn de gemeente Stichtske Fecht yn de provinsje Utert. It stasjon leit oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).

Gebou

1e stasjonsgebou stasjon Breukelen yn 1980
2e stasjonsgebou stasjon Breukelen yn 1992

It oarspronklike spoarweistasjon fan Breukelen waard iepene yn 1872, njoggenentweintich jier neidat it spoar ree kaam wie. It symmetryske gebou bestiet út in leech middendiel mei twa eingebouwen fan oardel ferdjipping dy 't heaks op it middendiel stean.

It stasjon waard yn 1980 ôfbrútsen en ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Beilen fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It 2e stasjonsgebou waard yn 2006 sloopt, om plak te meitsjen foar spoarferdûbeling tusken Amsterdam en Utert. Under de spoaren komme in fiadukt foar fuotgongers, fytsers en it wetter fan de Groote Heicop. Ek steane hjir de kaartautomaten en is fia in trep en in lift it foar in part oerdutsen eilânperron te berikken.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal
7300 Sprinter (NS) BreukelenUtert-SintraalDriebergen-Zeist – Veenendaal Sintrum – Rhenen
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.