Stasjon Barendrecht station Barendrecht | ||
Perrons Stasjon Barendrecht yn 2013 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Barendrecht | |
plak | Barendrecht | |
adres | Stationsweg 32 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Brd | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 novimber 1872 | |
boujier | 1870 1e stasjonsgebou 1973 2e stasjonsgebou 2001 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1973 1e stasjonsgebou 2003 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1870 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1973 C. Douma 2e stasjonsgebou 2021 Wienke Scheltens 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Steatsline I | |
5709 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Barendrecht (Brd) is in spoarweistasjon yn Barendrecht en waard iepene yn 1872 oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). Yn dizze Súd-Hollânske stêd is yn 2001 it tredde stasjonsgebou sûnt 1870 iepene.
Gebou
It earste stasjon waard ûntwurpen troch Karel Hendrik van Brederode en iepene op 1 novimber 1872 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Sâltbommel. It earste stasjonsgebou stie op de krúsing fan de Stationsweg mei de Wilhelminastraat.
Yn 1973 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou Inkelde hûnderten meters noardliker, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In kantich gebou mei plat dak, en in toer mei oerwurk.
It stasjonsgebou út 1973 waard yn 2001 ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekte Wienke Scheltens, it nije stasjon leit folslein yn in tunnel bekend as de Kap fan Barendrecht, fan bûten ôf is fan it stasjon alline sichterber fanút it easten, oan de westlike kant sjogge je allinne it part fan it dak dat fan glês is en in treppehûs mei lift. It stasjonsgebou út 1973 dat sa ûngefear njonken it hjoeddeiske treppehûs stie waard yn 2003 ôfbrútsen.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
5000 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Barendrecht – Doardt | Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns. |
5100 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Barendrecht – Doardt | |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|