Stasjon Arnemuiden station Arnemuiden | ||
Stasjon Arnemuiden yn 2009 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Seelân | |
Gemeente | Middelburch | |
plak | Arnemuiden | |
adres | Doeleweg 7 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Arn | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 maart 1872 | |
boujier | 1871 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 508354 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline F | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Arnemuiden (Arn) is in stasjon yn de Nederlânske plak Arnemuiden yn de provinsje Seelân. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type Sâltbommel en is ien fan de sân stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de twa stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is, it oare stasjon is Stasjon Vught.
Gebou
It stasjonsgebou kaam yn 1871 ree, en waard iepene op 1 maart 1872 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline F oanlein wie. It gebou hat in heech middenpart en twa koarte fleugels. Opfallend oan Stasjon Arnemuiden is dat it mar twa ruten yn it middelstepart hat en ien rut yn eltse fleugel. De beide perrons fan it stasjon lizze net foarinoar oer, mar befine se har oan wjerskanten fan de oerwei (bajonetlizzing) oer de Doeleweg.
Emplasemint
It emplasemint Arnemuiden wie tige sober ynrjochte en bestie inkeld út it stasjonsgebou en in lytse frachtloads. Der wie noch gjin frachtspoar oanwêzich. Yn 1877 waard it emplasemint útwreide mei in frachtspoar en in los- en laadplak. It frachtferfier bestie benammen út it ferfieren fan fisk, garnalen en sûkerbiten en it oanfieren fan stienkoal en itensguod. Oant 1960 feroare der net folle op it emplasemint. Yn de jierren sechtich rekke de los- en laadplak stadichoan yn ûnbrûk. Yn 1969 waard de los- en laadplak en it frachtspoar bûten gebrûk steld.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
2200 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leiden Sintraal –De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Arnemuiden – Middelburch – Flissingen | |
12200 | Intercity (NS) |
Roosendaal – Bergen op Soom – Goes – Arnemuiden – Middelburch – Flissingen | rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins. |
6100 | Sprinter (NS) | Roosendaal – Bergen op Soom – Goes – Arnemuiden – Middelburch – Flissingen | In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|