Stasjon Apeldoarn
station Apeldoorn
Stasjon Apeldoarn yn 2008
Stasjon Apeldoarn yn 2008
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Apeldoarn
plakApeldoarn
adresStationsplein 16
arsjitektuer
stasjonskoadeApd
typeTrochgongsstasjon
iepening15 maaie 1876
boujier1875
monumintale statusGemeentlik monumint
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren3
spoarlineEasterspoarwei
Apeldoarn - Dimter
Dieren - Apeldoarn
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Apeldoarn (Gelderlân)
Stasjon Apeldoarn

Stasjon Apeldoarn (Apd) is it spoarweistasjon fan Apeldoarn, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It stasjonsgebou is in unyk ûntwerp, mar ken de klassike symmetryske foarmjouwing dy 't in soad brûkt wurdt yn de perioade dat it stasjon berne is. It gebou hat in heech middenpart en twa lege fleugels oan wjerskanten fan it gebou. Mei de iepening fan de lokaallinen fan de KNLS oan de ein fan de jierren ’80 fan de njoggentjinde iuw kriget it stasjon in eilânperron mei in oerkaping.

Yn 1911 is it stasjonsgebou flink fergrutte. Foar it middenpart komt in lege festibule mei dêrop in terras foar de boppewenning. De lingte fan de linkerfleugel is by de ferbouwing ferdûbele. Yn de jierren ’70 is it ynterieur fan it gebou folslein fernijd. Hjirby is ek de keninklike wachtkeamer út 1911 ferlern gien. De festibule is foar it grutste part ferfongen troch in moderne yngong mei trije luifels.

Mei it each op in rekonstruksje fan it stasjonsgebiet ûntstean nei de iuwwiksel plannen om it gebou te slopen. Troch lokale protesten bliuwt it gebou bewarre en is it yn 2007 oan de bûtenkant safolle mooglik werom brocht yn de orizjinele steat. Hjirby is de yngong út de jierren ’70 ofbrútsen en is de foargevel safolle mooglik werombrocht yn de situaasje fan foar 1911.

Datselde jier is it Apeldoarnske stasjonsgebiet folslein fernijd. Foar it stasjonsgebou komt in grut ferlege plein mei tagong ta de nije tunnel ûnder de spoaren. De linker fleugel fan it stasjonsgebou is hielendal sloopt om plak te meitsjen foar de nije tunnel. Neidat dy ree kaam is, is de fleugel yn de koarte tastân fan foar 1911 wer werboud.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
140/240
IC 77
Intercity
(NS International
DB Fernverkehr)
Amsterdam SintraalHilfertsomDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimter – Almelo – Hengelo – Bad Betnheim – Rheine – Osnabrück Hbf – Hannover Hbf – Wolfsburg Hbf – Stendal – Berlin-Spandau – Berlin Hbf – Berlin Ostbahnhof Rydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn.
1500 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimter Rydt op wurkdagen yn de spits fan en nei Dimter. Yn de dal oeren is dat 1x de 2 oeren.
1600 Intercity (NS) Skiphol Airport – Amsterdam Súd – DuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimter – Almelo – HengeloYnskedee In healoeretsjinst
1700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Gouda – Utert SintraalAmersfoart SintraalApeldoarnDimter – Almelo – HengeloYnskedee In healoeretsjinst
7000 Sprinter (NS) ApeldoarnDimter – Almelo – HengeloYnskedee In healoeretsjinst
RS 30
17800
Stoptrein (Arriva) SutfenApeldoarn In healoeretsjinst
RE 30
30400
Sneltrein (Arriva) ApeldoarnSutfen – Winterswyk Ried yn de jûnsoeren en yn it it wykein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.