Star Trek: Voyager
tillefyzjesearje
makkers
betocht trochRick Berman
Michael Piller
Jeri Taylor
produsintMichael Piller (1995-1996)
Jeri Taylor (1995-1998)
Brannon Braga (1998-2000)
Kenneth Biller (2000-2001)
útfierend
   produsint
Rick Berman
tillefyzjestudioParamount Television Studios
spilers
haadrollenKate Mulgrew
Robert Beltran
Robert Duncan McNeill
Jeri Ryan (seiz. 4-7)
Roxann Dawson
Garrett Wang
Tim Russ
Robert Picardo
Jennifer Lien (seiz. 1-3)
Ethan Phillips
skaaimerken
sjenrescience fiction
seizoenen7
jierren19952001
tal ôfl.172
spyltiid (ôfl.)45 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taalIngelsk
prizen7 × Emmy Award
3 × Saturn Award
websidewww.startrek.com/.../star-trek-voyager
besibbe searjesThe Original Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Enterprise
Discovery
Picard
Strange New Worlds

Star Trek: Voyager, gauris koartwei Voyager neamd, wie in súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 7 seizoenen rûn, fan 1995 oant 2001, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd is. De titel betsjut: "Stjerretocht: Reizger", en ferwiist nei de namme fan it romteskip de USS Voyager. It wie de fjirde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise nei Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren, Star Trek: The Next Generation út 'e 1980-er jierren en Star Trek: Deep Space Nine út 'e 1990-er jierren. Star Trek: Voyager is in science fiction-tillefyzjesearje dy't yn 'e fjouwerentweintichste iuw spilet, en folget de bemanning fan USS Voyager by harren ûnderfinings en aventoeren nei't it skip by fersin strâne rekket yn it Delta Kwadrant, op 70.000 ljochtjier fan 'e Ierde. Dat betsjut dat se in reis fan 75 jier foar de boech hawwe om wer thús te kommen. De searje waard goed ûntfongen troch de tillefyzjekritisy en wûn sân Emmys en trije Saturn Awards.

Untstean

Yn 'e earste helte fan 'e 1990-er jierren wiene der twa Star Trek-searjes op 'e Amerikaanske tillefyzje: Star Trek: The Next Generation en Star Trek: Deep Space Nine. Doe't Star Trek: The Next Generation yn 1994 einige, woene de bazen by de Paramount Television Studios, de produsint fan Star Trek, in nije tillefyzjesearje út 'e mediafranchise hawwe om tagelyk mei Star Trek: Deep Space Nine út te stjoeren. Paramount Pictures, de memme-ûndernimming fan Paramount Television, hie nammentlik plannen om in eigen tillefyzjenetwurk op te rjochtsjen, en dêrfoar moasten tillefyzjeprogramma's produsearre wurde. En Star Trek: Deep Space Nine wie al ferkocht om yn syndikaasje útstjoerd te wurden.

Produksje

De ierste tarieding foar Star Trek: Voyager begûn yn 1993, doe't it sânde en lêste seizoen fan Star Trek: The Next Generation en it twadde seizoen fan Star Trek: Deep Space Nine yn produksje wiene. De opnamen foar it earste seizoen fan Star Trek: Voyager setten útein yn 1994. Rick Berman hie as útfierend produsint it algemien tafersjoch, wylst de deistige lieding yn 'e hannen wie fan Michael Piller (1995-1996), Jeri Taylor (1995-1998), Brannon Braga (1998-2000) en Kenneth Biller (2000-2001). De pilotôflevering Caretaker waard op 16 jannewaris 1995 yn 'e Feriene Steaten útstjoerd op UPN, it tillefyzjenetwurk fan Paramount Pictures. De searje rûn al mei al sân seizoenen, fan 1995 oant en mei 2001. Der waarden yn totaal 172 ôfleverings makke.

Utgongspunt fan 'e plot

Yn 'e pilotôflevering Caretaker, dy't it útgongspunt fan 'e Star Trek: Voyager fêstleit, set de USS Voyager, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, yn it jier 2371 ôf by it romtestasjon Deep Space Nine wei foar in misje nei in dreech tagonklike regio fan it hielal dêromtrint, dy't bekend stiet as de 'Badlands'. De USS Voyager, ûnder lieding fan kaptein Kathryn Janeway (Kate Mulgrew), sil dêr sykje nei in fermist romteskip fan 'e Maquis-rebellen. De Maquis binne minsklike en bûtenierdske kolonisten út 'e Federaasje dy't har net dellizze by in fredesferdrach tusken de Federaasje en Kardassia, dat de planeten dy't sy kolonisearre hawwe weijûn hat oan Kardassia. As ûnderdiel fan 'e ôfspraken mei de Kardassianen is de Federaasje ferantwurdlik foar it ûntromjen fan dy planeten, mei as gefolch dat de Maquis de wapens opnommen hawwe tsjin sawol Kardassia as de Stjerrefloat. (De sitewaasje mei Kardassia en de Maquis waard foar it earst yntrodusearre yn 'e twadielige ôflevering The Maquis (seiz. 2, ôfl. 20 en 21) fan Star Trek: The Next Generation en letter fierder útwurke yn ferskate ôfleverings fan Star Trek: Deep Space Nine.)

In artistike werjefte fan 'e Molkewei, mei dêroerhinne it fiktive kwadrantstelsel út Star Trek en de lokaasje fan beskate bûtenierdske rassen. De USS Voyager moast syn paad sykje fan boppenôf, dêr't de Kazon libje, nei de Ierde. Dy reis is it útgongspunt fan Star Trek: Voyager.

Op it Maquis-skip dêr't de USS Voyager nei siket, is luitenant Tuvok (Tim Russ), it Vulcanyske haad befeiliging fan 'e Voyager, as ûnderdiel fan in undercoveroperaasje ynfiltrearre mank de rebellen. Underweis troch de Badlands wurdt de USS Voyager omwuolle troch in reuseftige enerzjyweach, dy't it skip mei in ûnbidige faasje dwers troch de Molkewei skuord. Dêrby komme ferskate bemanningsleden om it libben, ûnder wa Janeway har earste ofsier. It skip rint skea op en rekket strâne yn it Delta Kwadrant, op mear as 70.000 ljochtjier fan 'e Ierde. De enerzjyweach wie gjin natuerlik fenomeen, mar it dwaan fan in machtich bûtenierdsk wêzen dat himsels de Fersoarger (Caretaker) neamd. Hy hat in hiel bûtenierdsk ras, de Ocampa, op 'e noed, mar fielt syn ein neieroan kommen. Dêrom is er úteinset mei in kampanje fan it ûntfieren fan oare wêzens út 'e hiele Molkewei yn 'e hope in opfolger te finen.

It Maquis-skip mei luitenant Tuvok oan board is op deselde wize yn it Delta Kwadrant bedarre. Nei't de Fersoarger omkommen is by in oanfal fan 'e Kazon, in oar bûtenierdsk ras út it Delta Kwadrant, bestiet der gjin kâns mear dat de USS Voyager en it Maquis-skip op deselde wize wer nei hûs komme kinne as se hjir brocht binne. Mei't se fier fan hûs en folslein isolearre binne, beslute de beide fijannige bemannings úteinlik de lapen gear te smiten. Chakotay (Robert Beltran), in minske fan Yndiaansk komôf dy't de lieder fan 'e Maquis is, wurdt earste ofsier oan board fan 'e Voyager. B'Elanna Torres (Roxann Dawson), in froulike heal-minsklike Klingon en Maquis-rebel, wurdt de nije masinist fan 'e Voyager. Tom Paris (Robert Duncan McNeill), in bedoarne admiraalssoan dy't Janeway út it tichthûs helle hie om 'e Voyager troch de Badlands te loadsen, wurdt de nije piloat. Dyselde rekket al rillegau goed befreone mei de naïve Stjerrefloat-faandrich Harry Kim (Garrett Wang). Mei't de hiele medyske seksje fan 'e bemanning omkommen is, wurdt de Dokter (Robert Picardo), in medysk hologram dat inkeld bedoeld is foar needsitewaasjes, no ynset foar langetermyntsjinst as skipsdokter. Fierders wurde twa bûtenierdske wêzens dy't lânseigen binne yn it Delta Kwadrant, de jonge Ocampa-frou Kes (Jennifer Lien) en de Talaxiaanske sjacherer Neelix (Ethan Phillips), oan board helle om te tsjinjen as gidsen en boarnen fan ynformaasje, wylst Kes ek de taak fan ferpleechkundige op har nimt.

Sa set de USS Voyager útein mei in reis nei hûs dy't 75 jier duorje sil as der gjin alternative oplossing fûn wurdt. Harren wei fiert skip en bemanning troch in diel fan 'e Molkewei dat omreden fan syn grutte ôfstân fan 'e romte dy't behearske wurdt troch de Feriene Federaasje fan Planeten noch hielendal net ferkend is. Yn it begjin komt de USS Voyager troch it domein fan ferskate bûtenierdske rassen dy't folslein ûnbekend binne, lykas de barbaarske en oarlochssuchtige Kazon; de troch sykte oantaaste Vidiianen, dy't harren taflecht nommen hawwe ta it rispjen fan 'e organen fan oare rassen; en de nomadyske Hirogen, dy't oare yntelliginte wêzens bejeie by wize fan bloedsport. Underwilens fine oan board fan 'e USS Voyager ferskate botsings plak tusken de Stjerrefloatbemanning, dy't alles o sa neffens de regels dwaan wol, en de yn dy bemanning opnommen Maquis-rebellen, dy't maling hawwe oan 'e regels.

It earste bekende bûtenierdske ras dat de USS Voyager tsjinkomt, binne de ôfgryslike sybernetyske Borg, wa har oarprongsgebiet yn it Delta Kwadrant blykt te lizzen, middenyn it diel fan it hielal dêr't de Voyager trochhinne moat om wer thús te kommen. Tsjin dy tiid (it begjin fan seizoen 4) ferlit Kes it skip as har mentale fermogens in ekstreme transformaasje trochmeitsje. Tagelyk nimt kaptein Janeway by ien fan 'e earste konfrontaasjes mei de Borg in Borg-wurker oan board dy't se loskeppele hat fan it Borg-kollektyf. Dy 'Sân fan Njoggen' (Seven of Nine, spile troch Jeri Ryan) blykt fan oarsprong in minske te wêzen, Annika Hansen, dy't as jong famke troch de Borg assimilearre is. Hja bliuwt oan board fan 'e Voyager, earst as finzene, mar letter út frije wil, hoewol't se nea alhiel loskomt fan har Borg-identiteit en altyd trochgiet mei it brûken fan 'e namme Seven of Nine.

Roxann Dawson, Kate Mulgrew en Jennifer Lien yn 1995.

Op trochreis troch it gebiet fan 'e Borg komt de USS Voyager ek yn kontakt mei de grizelige Soarte 8472, in ksenofoob bûtenierdsk ras út in parallel universum (de 'floeibere romte'). Dy is oanfallen troch de Borg, sa't dy eltsenien oanfalle en besykje te assimilearjen, mar mei Soarte 8472 lykje de Borg einlings in fijân fûn te hawwen dy't harren de baas kin. Njonken bûtenierdske wêzens komt de USS Voyager op syn lange reis ek nuodlike natuerferskynsels tsjin, lykas in dizich gebiet (de Nekrit-útstrutsenens), in ûnbidich grut gebiet fan lege romte sûnder stjerren (de Leechte), en fierders wjirmgatten, gefaarlike romtedizen, swarte gatten en oare anomalyen. Fierders dûkt ek it almachtige bûtenierdske wêzen Q (John de Lancie) wer op (earder sjoen yn Star Trek: The Next Generation en Star Trek: Deep Space Nine).

Troch de jierren hinne ûntjout de bemanning fan 'e USS Voyager him. De ferrieders Seska (Martha Hackett) en Michael Jonas (Raphael Sbarge) wurde relatyf ier yn 'e reis ûntdutsen. Faandrich Samantha Wildman (Nancy Hower), dy't sûnder dat se it sels noch wist swier wie doe't it skip by Deep Space Nine wei ôfsette, befalt yn seizoen 2 fan in dochter, Naomi, dy't meitiid goed befreone rekket mei Neelix en letter ek ûnferwachts goed opsjitte kin mei Seven of Nine. De Dokter en Seven of Nine wurde geandewei minskliker. It skip pikt ferskate weesbern op dy't troch de Borg assimilearre wiene, fan wa't ien, Icheb (Manu Intiraymi) oan board bliuwt. Tom Paris en B'Elanna Torres trouwe nei in lange hofmakkerij en Torres kriget in dochter, Miral Paris. Let yn seizoen 7 komt de USS Voyager in Talaxiaanske koloanje yn in asteroïdefjild tsjin en kiest Neelix derfoar om fan board te gean en him wer by syn eigen folk te jaan.

Underweis ûntdekt de bemanning fan 'e USS Voyager ferskate manearen om 'e reisdoer te bekoartsjen, troch stikken ôf te snijen yn 'e ôfleverings Night en Q2, ferbettere technology yn te setten yn The Voyager Conspiracy, Dark Frontier, Timeless en Hope and Fear, in subromtlike korridor te benutsjen yn Dragon's Teeth en in almeugenden triuw yn 'e rêch fan in machtige eardere skipsgenoate yn The Gift. Nei sân jier ûnderweis west te hawwen, wit de bemanning yn 'e lêste ôflevering, Endgame, mei in rige yngewikkelde aksjes de restearjende reis werom te bringen ta de doer fan in pear minuten.

Tematyk

Yn Star Trek: Voyager wie foar it earst yn in Star Trek-searje de haadpersoan en kaptein in frou. Krekt as yn Star Trek: Deep Space Nine foarmen ûnderlinge konflikten tusken bemanningsleden, benammen yn 'e earste seizoenen, in wichtige boarne fan ûnderwerpen, hoewol't Star Trek-betinker Gene Roddenberry dêr yn syn Star Trek: The Original Series krekt it near op lein hie. Troch it útgongspunt fan 'e searje wie it foar de makkers mooglik om 'e folslein isolearre USS Voyager bleat te stellen oan gefaren, útdagings en dilemma's dy't yn 'e oare Star Trek-searjes gewoan net mooglik wiene. Yn 'e lettere seizoenen, doe't de Voyager almar tichter by hûs kaam, folge in ynfluks fan personaazjes en beskavings út 'e oare searjes, lykas de Borg, Q, de Ferengi, de Romulanen, de Klingons, de Kardassianen en bemanningsleden fan 'e USS Enterprise út Star Trek: The Next Generation.

Rolferdieling

Kate Mulgrew.
Robert Duncan McNeill.
Robert Picardo.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Kathryn Janeway Kate Mulgrew*
kaptein-luitenant Chakotay Robert Beltran
luitenant 2e klasse Tom Paris Robert Duncan McNeill
Seven of Nine (berne as Annika Hansen) Jeri Ryan (seizoen 4-7)
luitenant 3e klasse B'Elanna Torres Roxann Dawson
faandrich Harry Kim Garrett Wang
luitenant 1e klasse Tuvok Tim Russ
de Dokter Robert Picardo
Kes Jennifer Lien (seizoen 1-3)
Neelix Ethan Phillips

*) Geneviève Bujold waard oarspronklik cast yn 'e rol fan kaptein Janeway, mar oardel dei nei't de opnamen fan 'e pilotôflevering Caretaker úteinset wiene, stapte hja op. Dêrnei waard Kate Mulgrew yn har plak cast.

weromkearende byrollen
personaazje akteur/aktrise
stim fan 'e skipskompjûter Majel Barrett
luitenant 3e klasse Joseph Carey Josh Clark
faandrich Samantha Wildman Nancy Hower
luitenant Reginald Barclay Dwight Schultz
faandrich Vorik Alexander Enberg
kadet Icheb Manu Intiraymi
Naomi Wildman Scarlett Pomers
faandrich Seska Martha Hackett
faandrich Lon Suder Brad Dourif
faandrich Michael Jonas Raphael Sbarge

Gastrollen yn yndividuele ôfleverings fan Star Trek: Voyager waarden spile troch û.o. Jason Alexander, Ed Begley jr., Andy Dick, J.G. Hertzler, Dwayne Johnson, Alice Krige, John de Lancie, Sharon Lawrence, Virginia Madsen, Leland Orser, Lori Petty, John Rhys-Davies, Armin Shimerman, Sarah Silverman, Kurtwood Smith en Gwynyth Walsh. Akteurs út oare Star Trek-searjes dy't (yn deselde rollen) yn in ôflevering fan Star Trek: Voyager spilen, wiene LeVar Burton, Jonathan Frakes en Marine Sirtis út Star Trek: The Next Generation en George Takei en Grace Lee Whitney út Star Trek: The Original Series. Prins Abdûlla (no kening Abdûlla II fan Jordaanje) hie in cameo as in anonime Stjerrefloat-faandrich yn 'e ôflevering Investigations.

Seizoenen

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 16 16 jannewaris 1995 22 maaie 1995 UPN
2 26 28 autustus 1995 20 maaie 1996
3 26 4 septimber 1996 21 maaie 1997
4 26 3 septimber 1997 20 maaie 1998
5 26 14 oktober 1998 26 maaie 1999
6 26 22 septimber 1999 24 maaie 2000
7 26 4 oktober 2000 23 maaie 2001

Untfangst en resultaat

Star Trek: Voyager waard oer it algemien goed ûntfongen troch de tillefyzjekritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hawwe de sân seizoenen fan 'e searje mei-inoar in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 49 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hat Star Trek: Voyager in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 10 resinsjes.

De searje waard yn totaal 34 kear nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar tillefyzjeprogramma's. Dêrfan wûn Star Trek: Voyager 7 kear: yn 1995 foar de titelmuzyk fan Jerry Goldsmith en foar special effects; yn 1996 foar fisazjy; yn 1997 foar hierstyling; yn 1998 foar special effects; en yn 2001 foar muzikale komposysje en special effects. De searje waard fierders 14 kear nominearre foar in Saturn Award en wûn dêrfan 3 kear: yn 1998 yn 'e kategory bêste aktrise op 'e tillefyzje (Kate Mulgrew), yn 2001 yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje (Jeri Ryan) en yn 2005 ûntfong de searje in priis by wize fan blyk fan spesjale erkenning.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjesStar Trek:  The Original Series (1966–1969) Star Trek: The Next Generation (1987–1994) Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) Star Trek: Voyager (1995–2001) Star Trek: Enterprise (2001–2005) Star Trek: Discovery (2017–20??) Star Trek: Short Treks (2018–20??) Star Trek: Picard (2020–20??) Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjesStar Trek: The Animated Series (1973–1974) Star Trek: Lower Decks (2020–20??) Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original SeriesStar Trek: The Motion Picture (1979) Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) Star Trek III: The Search for Spock (1984) Star Trek IV: The Voyage Home (1986) Star Trek V: The Final Frontier (1989) Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next GenerationStar Trek: Generations (1994) Star Trek: First Contact (1996) Star Trek: Insurrection (1998) Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearjeStar Trek (2009) Star Trek: Into Darkness (2013) Star Trek: Beyond (2016)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.