Star Trek
tillefyzjesearje
makkers
betocht trochGene Roddenberry
ûntwikkele trochGene Roddenberry
produsintGene L. Coon
John Meredyth Lucas
Fred Freiberger
útfierend
   produsint
Gene Roddenberry
tillefyzjestudioDesilu Prod. (1966-1967)
Norway Corp. (1966-1967)
Paramount TV (1968-1969)
spilers
haadrollenWilliam Shatner
Leonard Nimoy
DeForest Kelley
Nichelle Nichols
James Doohan
George Takei
Walter Koenig
skaaimerken
sjenrescience fiction
seizoenen3
jierren19661969
tal ôfl.79
spyltiid (ôfl.)50 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taalIngelsk
prizen3 × Hugo Award
websidewww.startrek.com/page/star-trek-the-original-series
besibbe searjesThe Animated Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard
Strange New Worlds

Star Trek, tsjintwurdich mei weromwurkjende krêft Star Trek: The Orginal Series (of TOS) neamd, is in tige bekende Amerikaanske tillefyzjesearje út 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren, dy't 3 seizoenen rûn, fan 1966 oant en mei 1969. De searje waard kreëarre troch Gene Roddenberry en spilet yn 'e takomst. Star Trek folget de aventoeren fan it romteskip de USS Enterprise en syn bemanning op in fiifjierrige misje om it hielal te ferkennen. De titel betsjut sadwaande "Stjerretocht". Yn 't earstoan hie de searje hege sjochsifers, mar dy sakken letter alhiel yn, sadat tillefyzjenetwurk NBC op in stuit de stekker derút loek. Troch werhellings dy't yn syndikaasje útstjoerd waarden, krige Star Trek yn 'e 1970-er jierren grutte populariteit. Dêrtroch groeide Star Trek meitiid út ta ien fan 'e grutste mediafranchises fan 'e Amerikaanske tillefyzje, mei anno 2021 alve searjes, trettjin films en withoefolle fideospultsjes, oare spultsjes, boeken en strips.

Untstean

Op 11 maart 1964 stelde de Amerikaanske âld-plysjeman Gene Roddenberry, dy't al jierrenlang in grut fan fan science fiction wie, in koarte treatment op mei in idee foar in science fiction-tillefyzjesearje, dy't er Star Trek neamde. It soe yn 'e trijeëntweintichste iuw spylje oan board fan it Stjerrefloat-romteskip de SS Yorktown, en gean oer in bemanning ûnder lieding fan kaptein Robert April, dy't op in ferkenningsreis wie troch de Molkewei.

Roddenberry neamde letter in stikmannich ynfloeden foar syn idee, wêrûnder The Voyage of the Space Beagle en dêropfolgjende ferhalen fan A.E. van Vogt, de Marathon-ferhalesearje fan Eric Frank Russell, en de film Forbidden Planet út 1956. In net-science fiction-boarne dêr't Roddenberry swier op line, wie de Horatio Hornblower-romansearje fan C.S. Forester, oer in dryste Britske marine-ofsier oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw. Mooglik wie ek de tillefyzjesearje Rocky Jones, Space Ranger, út 1954, fan ynfloed op Roddenberry syn idee, mei't dy rige in ferskaat oan eleminten omfieme dy't ek weromkamen yn Star Trek, lykas de organisaasje, de relaasjes tusken de bemanningsleden ûnderling, de opienfolging fan misjes, in diel fan it ûntwerp fan 'e brêge en in part fan 'e fiktive technology.

Leonard Nimoy as kaptein-luitenant Spock (l.) en William Shatner as kaptein James T. Kirk yn Star Trek: The Original Series op in foto út 1968.

Sels hie Roddenberry yn 1964 al witwat ûnderfining mei it skriuwen fan westernsearjes yn 'e 1950-er en iere 1960-er jierren. Omreden fan dy eftergrûn, en om't westernsearjes doedestiden tige populêr wiene, presintearre er syn idee as "Wagon Train nei de stjerren", wêrmei't er sawol ferwiisde nei de westernsearje Wagon Train as nei de karafaan fan kapweinen nei it Wylde Westen dêr't dy searje nei neamd wie. Roddenberry woe dat eltse ôflevering narratyf op himsels stean soe binnen de oanhâldende reis troch de romte. (Pas nei syn dea yn 1991 soene de lettere searjes fan 'e Star Trek-franchise fan dy oekaze ôfwike en ferfolchferhalen yntrodusearje dy't mear as ien ôflevering omfetten.

Untwikkeling

Yn april 1964 lei Roddenberry syn idee foar oan Desilu Productions, dat doedestiden in liedende Amerikaanske ûnôfhinklike tillefyzjestudio wie (d.w.s. ûnôfhinklik fan 'e grutte Hollywood-studio's). Syn kontakt dêre wie de direkteur fan produksje Herbert F. Solow, dy't fan miening wie dat syn idee gâns ûnthjittend wie. Hy sleat in kontrakt mei Roddenberry ôf foar in trijejierrige tillefyzjeprogramma-ûntwikkeling. Lucille Ball, de algemien direkteur fan Desilu, wie net bekend mei de krekte ynhâld fan it nije projekt, mar har ynset wie fan krúsjaal belang om it organisatoarysk fan 'e grûn te krijen.

By Desilu waard Roddenberry syn idee fierder ûntwikkele en waarden ferskate feroarings trochfierd. Sa waard de SS Yorktown ferfongen troch de USS Enterprise en waard ek kaptein Robert April ôftanke en ferfongen troch kaptein Christopher Pike. Dyselde wie it haadpersonaazje yn 'e pilotôflevering The Cage, dy't yn it neijier fan 1964 opnommen waard. The Cage ferskilde ek yn oare opsichten fan 'e treatment fan Roddenberry. Sa waard it konsept fan 'e stjerredatum (stardate) bgl. troch Solow yntrodusearre.

Desilu Productions hie in first-look deal mei it tillefyzjenetwurk CBS, wat ynhâldt dat alle nije produksjes earst oan CBS foarlein waarden, en pas as dy der neat yn seach, ferkocht wurde koene oan oare ôfnimmers. CBS woe Star Trek lykwols net hawwe, mei't it netwurk al in soartgelikense searje yn ûntwikkeling hie: Lost in Space, dat yn 1965 op 'e Amerikaanske tillefyzje kaam. Solow, dy't earder by it tillefyzjenetwurk NBC yn 'e tsjinst west hie, lei Star Trek dêrnei yn maaie 1964 foar oan Grant Tinker, it haad fan 'e Westkustprogrammearring fan NBC. Dy bestelde de pilotôflevering The Cage.

Doe't de bazen by NBC de pilotôflevering seagen, wiene se der ûntefreden oer, mei't se it programma "te prakkesearderich" fûnen. Nettsjinsteande dat wiene se fan miening dat it konsept beslist potinsjeel hie. Ek joegen se ta dat de swakke punten yn it programma foar in part feroarsake wiene troch it senario dat sysels útkeazen hiene foar de pilotôflevering. Sadwaande namen se de tige ûngewoane beslissing om foar in twadde pilotôflevering te beteljen, dy't makke wurde moast nei it senario Where No Man Has Gone Before. Ut The Cage waard inkeld it personaazje fan Spock beholden, en allinne de akteurs Leonard Nimoy en Majel Barrett spilen yn beide pilots. Kaptein Christopher Pike waard ferfongen troch kaptein James T. Kirk, en de froulike earste ofsier waard oan 'e dyk set. Where No Man Has Gone Before stimde de netwurkbazen by NBC tefreden, sadat de produksje fan Star Trek fan start gean koe.

In byld mei Leonard Nimoy as Spock (m.) en William Shatner as James T. Kirk (rj.) út 'e ôflevering Spock's Brain.

Produksje

Doe't Star Trek ienris oankocht wie troch NBC, ferhuze de produksje fan 'e searje nei de tillefyzjestudio fan Desilu Productions oan Gower Street yn Hollywood. Dat hie earder it studiokompleks fan filmstudio RKO Pictures west en is no ûnderdiel fan it studiokompleks fan Paramount Pictures. Foar Star Trek waard gebrûk makke fan wat no soundstage 31 en 32 binne. It romteskip de USS Enterprise waard fan binnen en fan bûten ûntwurpen troch art director Matt Jefferies, dy't dêrfoar yn lettere searje fan 'e franchise eare waard mei de beneaming 'Jefferies-buis' (Jefferies tube) foar de ûnderhâldsskachten yn it binnenste fan 'e romteskippen.

Kostúmûntwerper Bill Theiss ûntwurp de unifoarmen fan it Stjerrefloat-persoaniel en ek it uterlik fan in ferskaat oan rassen fan bûtenierdske wêzens, lykas de Vulcaniërs, de Klingons, de Romulanen en de Andorianen. John Jefferies, de broer fan Matt, ûntwurp de phaser-hânfjoerwapens. Keunstner Wah Chang wie ferantwurdlik foar it ûntwerp fan in iepenklappend kommunikaasje-apparaat, dat grutte ynfloed útoefenje soe op in beskaat stadium fan 'e (folle lettere) ûntwikkeling fan 'e mobile tillefoan. Wah makke ek de tricorder, in hânapparaat foar scannen mei in ynboude kompjûter. Taalkundige Marc Okrand ûntwurp foar de searje in folsleine keunsttaal, it Klingon.

Utgongspunt fan 'e plot

Star Trek folge de aventoeren fan 'e bemanning fan 'e USS Enterprise, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, dat yn it jier 2254 op in fiifjierrige ferkenningsreis troch de Molkewei stjoerd wurdt. Gesachfierder fan it skip is kaptein James T. Kirk, in Amerikaan, berne yn Riverside (Iowa). Syn bêste freonen binne syn earste ofsier Spock en de skipsdokter, Leonard McCoy, byneamd 'Bones'. Spock hat in minsklike mem en in Vulcanyske heit, en lykas alle Vulcaniërs hâldt er him poer oan 'e logika, wat him in dúdlik ramt foar syn hâlden en dragen jout, frij fan 'e dizenige griistinten dy't gefoelens meibringe. De Amerikaan McCoy, oan 'e oare kant, hat it foar de moade om him liede te litten troch syn emoasjes. De tsjinstelling tusken dy beide utersten wie ien fan 'e wichtichste motiven fan 'e searje.

Oan board fan 'e USS Enterprise is ek de Skotske masinist, luitenant 1e klasse Montgomery Scott, dy't troch syn freonen 'Scotty' neamd wurdt; hy is in technysk sjeny. De Afrikaanske luitenant Uhura is de ofsier dy't op 'e brêge fan 'e USS Enterprise belêstge is mei kommunikaasje. Har foarnamme waard yn 'e hiele searje net neamd, en pas mei de reboot-filmsearje fan Star Trek dy't yn 'e 2000-er jierren begûn, waard bekend dat se fan foarren Nyota hjit. De Japanske luitenant Hikaru Sulu is de roerman fan 'e USS Enterprise, en de Rus Pavel Chekov (dy't yn it twadde seizoen yntrodusearre waard), is de navigator. Weromkearende rollen wiene der foar de ferpleechkundige Christine Chapel en foar Janice Rand, de assistinte fan Kirk.

Oan it begjin fan eltse ôflevering wie foar it úteinsetten fan 'e begjintitels en de titelmuzyk earst in voice-over te hearren fan akteur William Shatner yn syn rol fan James T. Kirk, wêrby't dy de misje fan 'e USS Enterprise útinoar sette mei de no suver legindaryske wurden:

Space: the final frontier. These are the voyages of the starship Enterprise. Its five-year mission: to explore strange new worlds, to seek out new life and new civilizations, to boldly go where no man has gone before.
("It hielal: de uterste foargrins. Dit binne de reizen fan it romteskip de Enterprise. Syn fiifjierrige misje: om frjemde nije wrâlden te ferkennen, om nij libben en nije beskavings te finen, om drystmoedich te gean dêr't noch nea earder in minske gien is.")

Rolferdieling

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein James T. Kirk William Shatner
kaptein-luitenant Spock Leonard Nimoy
luitenant 1e klasse Leonard "Bones" McCoy DeForest Kelley
luitenant 2e klasse Nyota Uhura Nichelle Nichols
luitenant 1e klasse Montgomery "Scotty" Scott James Doohan
luitenant 2e klasse Hikaru Sulu George Takei
faandrich Pavel Chekov Walter Koenig (seiz. 2-3)


weromkearende byrollen
personaazje akteur/aktrise
ferpleechkundige Christine Chapel Majel Barrett
Janice Rand Grace Lee Whitney

Gastrollen yn 'e searje waarden fertolke troch û.o. Diana Muldaur, Ricardo Montalbán (as Khan Noonien Singh), Julie Newmar, William Windom, France Nuyen, Mark Lenard (trije kear, wêrûnder ien kear as Spock syn heit Sarek), Joan Collins, Clint Howard, Barbara Babcock, Malachi Throne en Angelique Pettyjohn. Muldaur soe yn 'e 1980-er jierren ek ien seizoen lang yn 'e spin-off-searje Star Trek: The Next Generation spylje.

Begjin en ein fan 'e searje

De earste ôflevering fan Star Trek wie op 8 septimber 1966 op NBC op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen. Yn 't earstoan hie Star Trek hege sjochsifers, mar tsjin 'e ein fan it earste seizoen, yn it foarjier fan 1967, sakke dat bot yn. Dat jiers waard Desilu Productions oankocht troch de Paramount Pictures, wêrnei't Desilu omneamd waard ta de Paramount Television Studios. Omreden fan 'e minne sjochsifers drige NBC Star Trek stop te setten ûnder of oan 'e ein fan it twadde seizoen, mar in noch nea earder sjoene kampanje fan it skriuwen fan protestbrieven troch de tawijde fans fan 'e searje wist it tij te kearen.

NBC kocht in trêde seizoen fan Star Trek, mar kromp it budget gâns yn en ferskode de útstjoertiid nei freedtejûn, doedestiden de minste tillefyzjejûn yn 'e Feriene Steaten. Roddenberry naam dêrop ûntslach as útfierend produsint, en Fred Freiberger naam syn plak yn. Oan 'e ein fan dat seizoen, yn it foarjier fan 1969, loek NBC by de searje definityf de stekker derút, nettsjinsteande in nije briefskriuwerskampanje fan fans. Der waarden fan Star Trek: The Original Series trije seizoenen mei yn totaal 79 ôfleverings makke.

Seizoenen

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 30 8 septimber 1966 13 april 1967 NBC
2 26 15 septimber 1967 29 maart 1968
3 24 20 septimber 1968 3 juny 1969

Untfangst

Star Trek: The Original Series waard trettjin kear nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, mar wûn nea ien. De nominaasje wiene foar bêste dramasearje (1967 en 1968), bêste byrol fan in akteur foar Leonard Nimoy as Spock (1967, 1968 en 1969), bêste art direction (1967), bêste kamerarezjy (1967), bêste film- en lûdsmontaazje (1967), bêste filmmonaazje (1968 en 1969), bêste special effects (1968 en 1969), en bêste art direction en lânskipsûntwerp (1969).

Acht ôfleverings fan 'e searje waarden fierders nominearre foar in prestizjeuze Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje. Dêrby gie it 1967 om The Naked Time, The Corbomite Maneuver en The Menagerie; en yn 1968 om Amok Time, Mirror, Mirror, The Doomsday Machine, The Trouble with Tribbles en The City on the Edge of Forever. De priis gie beide jierren nei Star Trek, yn 1967 foar The Menagerie en yn 1968 foar The City on the Edge of Forever. Dy lêste ôflevering wûn dêrnjonken ek in Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele tillefyzjesenario. Yn 1967 wie Star Trek ien fan 'e earste tillefyzjeprogramma's dy't in NAACP Image Award wûnen foar it op positive wize yn byld bringen fan swarte minsken, omreden fan 'e baanbrekkende rol fan Nichelle Nichols as Uhura.

William Shatner as James T. Kirk mei gaststjer Julie Newmar.

Untstean fan Star Trek as franchise

Nei't Star Trek: The Original Series stopset wie, bleau Paramount Television mei frijwat ferliezen sitten. Dêrom waard de searje frijjûn om yn syndikaasje werhelle te wurden. De werhellings begûnen ein 1969 en tsjin 'e ein fan 'e 1970-er jierren wie de searje op 150 Amerikaanske tillefyzjestjoerders en yn 60 oare lannen te sjen. Iroanysk genôch waarden de werhellings better besjoen as de oarspronklike útstjoerings. In teken oan 'e wand wie hoe't de earste Star Trek-konvinsje ferrûn, dy't yn jannewaris 1972 yn New York holden waard. De organisators hiene rekkene op miskien in pear hûndert fûleindige fans, mar der kamen 3.000 minsken op ôf. De nije populariteit fan Star Trek late ta in oplibbing fan 'e franchise en in útwreiding nei oare media, lykas film en tekenfilm.

Star Trek: The Animated Series wie in tekenfilmsearje dy't yn 1973 en 1974 twa seizoenen lang op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen wie. It wie yn prinsipe in fuortsetting fan Star Trek: The Original Series, mei deselde USS Enterprise en deselde akteurs dy't de stimmen ynsprieken fan deselde personaazjes. Fan 1979 ôf waarden der fierders seis spylfilms makke oer it romteskip en syn bemanning, ek wer mei deselde akteursploech:

Fan 1987 ôf kaam de earste spin-offsearje op 'e tillefyzje: Star Trek: The Next Generation. Neitiid folgen noch tsien oare tillefyzjesearjes, sân films en in ferskaat oan adaptaasjes ta oare media.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjesStar Trek:  The Original Series (1966–1969) Star Trek: The Next Generation (1987–1994) Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) Star Trek: Voyager (1995–2001) Star Trek: Enterprise (2001–2005) Star Trek: Discovery (2017–20??) Star Trek: Short Treks (2018–20??) Star Trek: Picard (2020–20??) Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjesStar Trek: The Animated Series (1973–1974) Star Trek: Lower Decks (2020–20??) Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original SeriesStar Trek: The Motion Picture (1979) Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) Star Trek III: The Search for Spock (1984) Star Trek IV: The Voyage Home (1986) Star Trek V: The Final Frontier (1989) Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next GenerationStar Trek: Generations (1994) Star Trek: First Contact (1996) Star Trek: Insurrection (1998) Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearjeStar Trek (2009) Star Trek: Into Darkness (2013) Star Trek: Beyond (2016)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.