Dizze side giet oer de etnyske groep. Foar oare betsjuttings, sjoch: stamme (betsjuttingsside).

In stamme of stam is in etnografyske oantsjutting foar in lytseftige etnyske groep. It byhearrende eigenskipswurd is tribaal, fan it Latynske tribus. De term 'stamme' wurdt benammen yn 'e etnology en de antropology in protte brûkt. De krekte grins tusken in stamme en in folk is dizenich en omstriden. Dat komt foar in part troch tsjinstridige teoretyske begripen fan maatskiplike en besibskiplike struktueren, mar ek fanwegen de problematyske tapassing fan 'e term 'stamme' op ekstreem ferskate minsklike maatskippijen. Yn 'e wittenskip wurdt de term 'stamme' faak kontrastearre mei oare maatskiplike en besibskiplike groepen, lykas clan, ôfstammingsgroep en famylje, en it gebrûk is dan hierargysk ynstee fan algemien etnografysk. Wat de definysje fan 'e term noch yngewikkelder makket, is dat 'stamme' net troch wittenskippers, mar troch minsken út 'e Westerske wrâld yn it algemien tapast wurdt op hast alle etnyske groepen út beskate net-Westerske beskavingsgebieten (lykas Afrika, de Amearika's en Súdeast-Aazje), ek al giet it dêrby eins om folken fan miljoenen of sels tsientallen miljoenen minsken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.