Stêd en Lân Stad en Lande | |
---|---|
01594 (1648) - 1798 | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Grins |
offisjele taal | Grinslânsk Nederlânsk Frysk |
steatsfoarm | gewest fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen gewest fan de Bataafske Republyk |
ûntstien út | Hearlikheid Grinslân Westerwâlde |
opgien yn | Bataafske Republyk |
no diel fan | Grinslân |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | generaliteitsgûne karolusgûne |
Stêd en Lân (Nederlânsk: Stad en Lande) is de âlde namme fan de provinsje Grinslân dy't oant yn de lette njoggentjinde iuw brûkt waard. De namme fan it goa ûntstie doe't de stêd Grins en de Ommelannen tegearre as it sânde gewest ta de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen oansleaten. Oant yn de njoggentjinde iuw bestiene der grutte tsjinstellings en spannings tusken de Stêd en Ommelannen. Doe't dy stadichoan ferdwûnen, waard de namme Grinslân ek troch de Ommelannen akseptabel.
Skiednis
De stêd Grins wie fan oarsprong in Drintsk/Saksyske stêd wylst de Ommelannen Frysk gebiet wiene. Drinte, mank mei de de krite Goarjocht, it rjochtsgebiet fan de stêd Grins, foelen ûnder it prinsbisdom Utert, mar de biskop ferlear stadichoan hieltd mear syn macht oer de hieltyd machtiger wurdende stêd Grins. De stêd seach himsels as in selsstannige stedssteat en sels as frije ryksstêd. De stêd sleat him ek oan by de Hânze, in machtich hannelsferbûn tusken Noarddútske stêden, en yn dy snuorje bemuoide him ek faer mei Fryske saken. De stêd seach himsels yn de snuorje fan de Fryske Frijheid ek as in Fryske stêd.
Doe't de tsierderijen tusken Skier en Fet útbrutsen rekke de stêd dêr ek by behelle. Yn 1378 sleat de stêd in ferbûn mei Hunzegoa en yn 1482 mei de oare Ommelannen. Yn 1498 rekke Westerlauwersk Fryslân ûnder it gesach fan hartoch Albrecht fan Saksen. Hy woe ek Grins en de Ommelannen oermasterje. Dy ropten de help yn fan de Eastfryske greve Edzard de Grutte en letter hartoch Karel fan Gelre dy't as hear erkend waard as betingst fan syn stipe. Yn 1536 bemachtige keizer Karel V, dy't ek hartoch fan Boergonje wie, en rjochte de hearlikheid Grinslân op.
De ferskillen en de spannings tusken de stêden de Ommelannen wiene grut en de Ommelannen neamden harsels Lyts-Fryslân as ferset tsjin de dominante posysje fan de stêd. Doe't de Nederlânske Opstân útbriek, sleaten de Ommelannen harren by de Uny fan Utert oan om't Grins Spaanskgesind bleau. De Spaanske besetting duorre yn de Ommelannen oant 1591 doe't Delfsyl troch it Steatske leger ûnder lieding fan Maurits fan Oranje oermastere waard. Op 22 july 1594 waard Grins, by de Reduksje fan Grins, oermastere en "redusearre" (Frânsk lienwurd foar "werombrocht") oan de Steatsen. Op 23 july waarden de Stêd en Ommelannen by it Traktaat fan Reduksje tenei feriene yn ien provinsje, Stêd Grins en Ommelannen (Stêd en Lân). Dy sleat him op 17 febrewaris 1595 as sânde provinsje ta de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
It gewest waard in selsstannige ienheid yn it ferbân fand e Republyk, dochs waard der spesjaal foar it gewest troch de Steaten-Generaal fan de Nederlannen in regeling ûntwurpen oangeande mooglike skelen tusken de twa parten fan it gewest.
Wedde en Westerwâlde, yn 't earstoan noch Generaliteitslannen, waarden yn 1619 oan Stêd en Lân taheakke. By de Frede fan Westfalen yn 1648 waard de Republyk offisjeel erkend en dêrmei ek offisjeel omfoarme fan de Hearlikheid Grinslân ta it gewest Stêd en Lân.
Dêrmei wiene de skelen tusken Stêd en Ommelannen noch lang net oer. Yn de jierren 1655-1657 wie der in grut skeel dêr't de Hollânske riedpinsjonaris Johan de Witt en de Fryske steedhâlder Willem Freark dêrby moasten kommen te bemiddeljen. Mei grutte muoite koene se in nije "harmony" tusken de stêd en Ommelannen oplizze.
Yn 1795 waard de Republyk omfoarme ta de Bataafske Republyk en waard Stêd en Lân in gewest dêrfan. By de bestjoerlike fernijing fan de Bataafske Republyk waard yn 1798 it gewest opheft en waard, mank mei Westergoa en Eastergoa fan it gewest Fryslân, omfoarme ta it Departemint fan de Iems, dêr't Ljouwert de haadstêd fan waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gewesten: Lânskip Drinte ● Hearlikheid Fryslân • Hartochdom Gelre • Greefskip Hollân • Hearlikheid Oerisel • Greefskip Seelân • Stêd en Lân • Hearlikheid Utert | |
Generaliteitslannen: Steatsk-Boppe-Gelre ● Steatsk-Brabân ● Steatsk-Flaanderen ● Steatsk-Oermaas |