Stac Lee Stac Lí | |
---|---|
Basis-ynformaasje | |
Namme | Stac Lee |
Lân | Skotlân |
Eilannegroep | Sint-Kilda-arsjipel |
Lokaasje | Atlantyske Oseaan |
Ynwenners | 0 |
Oerflak | 0.023 km² |
Stac Lee (Skotsk-Gaelysk: Stac Lí) is in 2,3 hektare, 165–172 meter boppe de seespegel útstekkend rotseilân (Stack of brâningspylder) yn de St. Kilda-arsjipel 150 km út de westkust fan Skotlân. De arsjipel wurdt ta de Bûten-Hebriden rekkene. Nei de Stac an Armin (191 meter) is Stac Lee de heechste Stac yn it Grut-Brittanje.[1]
Martin Martin neamde it eilantsje "Stac-Ly", oare boarnen sprekke fan "Stac Lii."[2]
De rots leit sa'n 7,5 kilometer noardwestlik fan it haadeilân Hirta en 550 meter bewesten Boreray. Op de stac stiet in lytse skûlhutte (cleit), dy't eartiids troch aaisikers en fûgelfangers brûkt waard at hja om reden fan in ûnrêstige see net werom nei it doarp op Hirta komme koene. It lânjen op de Stac wie út soarte in drege en gefaarlike ûndernimming.
Der wurdt rûsd dat goed 10.000 fûgels (Ganten) in briedplak op de rots hawwe.[3] As diel fan de Sint-Kilda-arsjipel heart de Stac ta it Wrâlderfgoed fan de UNESCO.[4]
- Stac an Armin mei Boreray lofts en Stac Lee rjochts
- Fan links nei rjochts: Stac an Armin, Stac Lee en Boreray
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stac Lee fan Wikimedia Commons. |