Sint-Margaretatsjerke

Church of St Margaret

Lokaasje
lân Ingelân
plakLonden, SW1P 3JX
adresSt Margaret St, Westminster
koördinaten51° 30' N 0° 7' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipAnglikaanske Tsjerke
patroanhilligeMargareta fan Antiochje
Arsjitektuer
boujier1486-1523
boustylTudorstyl
monumintale statusGrade I listed building
Webside
Side fan de tsjerke
Kaart
St Margaret's (Londen en Westminster)
St Margaret's

De Sint-Margaretatsjerke (Ingelsk: Church of St Margaret) by de Westminster Abbey op it Parliament Square yn Londen, Ingelân, wie, oant 1972, de Anglikaanske parochytsjerke fan it House of Commons. De tsjerke is wijd oan Margareta fan Antiochje en makket mei de oanbuorjende Westminster Abbey en it Palace of Westminster diel út fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Yn 'e tsjerke wurdt alle sneinen tsjinst holden.

Skiednis

De tsjerke waard yn 'e 12e iuw troch benediktynske muontsen stifte foar de bewenners yn 'e omjouwing, sadat hja in eigen parochytsjerke hiene. Tusken 1486-1523 waard de tsjerke op oantrunen fan kening Hindrik VII op 'e nij boud en de nijbou, dy't hjoeddedei foar in grut part noch jimmeroan deselde is, waard op 9 april 1523 ynwijd. De tsjerke soe de lêste tsjerke west ha dy't noch foar de reformaasje neffens de roomske tradysje oanklaaid waard. Besiden it grutte triomfkrús stiene de ryk beskildere bylden fan Marije en Jehannes, wylst yn it gebou ferskate kapellen wienen.

Reformaasje

Ynterieur.

Yn 'e jierren 1540 skeelde it net folle of de tsjerke wie ôfbrutsen. Edward Seymour, hartoch fan Somerset en broer fan Jane Seymour, de tredde frou fan Hindrik VIII, wie wis fan doel de tsjerke te slopen, dy't sa goed boumaterjaal foar syn nije hûs oan it Strand oplevere. Syn plannen botsten lykwols op grut ferset fan 'e bewenners en konfrontearre mei parochianen dy't de wapens oppakten, seach er lang om let fan de sloop ôf.

Yn 1614 waard de Margaretatsjerke de parochytsjerke fan it Palace of Westminster. Doe't de Puriteinen harren net fine koene yn 'e liturgy sa't dy fierd waard yn 'e abdijtsjerke, keazen hja der foar om harren offisjele tsjinsten yn 'e Margaretatsjerke te hâlden .

De noardwestlike toer waard tusken 1734 en 1738 boud troch John James. Yn 'e selde tiid waard de tsjerke beklamme mei Portland-stien. Letter waarden troch J.L. Pearson it eastlike en westlike portaal tafoege. George Gilbert Scott restaurearre en feroare de tsjerke yn 1877 yn 'e tsjintwurdige foarm, alhoewol't er by syn wurk in soad fan 'e skaaimerken fan 'e Tudorstyl sparre. Troch de ûntfolking ferlear de tsjerke yn 'e jierren 1970 de funksje fan parochytsjerke en waarden de parochianen by oanbuorjende parochy's yndield, wylst de tsjerke yn behear oerdroegen waard oan 'e deken en it kapittel fan de Westminster Abbey.

Finsters

Yn it eastlike finster is in brânskildere raam út 1509, dat ynbrocht waard ta neitins fan 'e ferloving fan Arthur Tudor, de âldere broer fan Hindrik VIII, mei Katarina fan Aragon. Oarspronklik waard it raam makke foar de abdij fan Waltham en it waard oer in omwei yn 1758 oankocht troch de Margaretaparochy.

Oare finsters betinke William Caxton, de earste printer fan Ingelân, dy't yn 1491 yn 'e tsjerke begroeven waard, de yn 1618 eksekutearre en yn 'e tsjerke begroeven dichter-politikus Walter Raleigh, de dichter en parochiaan John Milton en admiraal Robert Blake.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Margaret's, Westminster


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.