Stéphanie Frappart
Stéphanie Frappart (2017)
Stéphanie Frappart (2017)
persoanlike bysûnderheden
nammeStéphanie Frappart
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum14 desimber 1983
berteplakLe Plessis-Bouchard
Sportive ynformaasje
lingte1,64 m
sportFuotbal
funksjeSkiedsrjochter
oansletten byFFF,
UEFA,
FIFA
jierren aktyf2009
opmerkingenEarste froulike skiedsrjochter by ynternasjonale wedstriden foar manlju.

Stéphanie Frappart (Le Plessis-Bouchard, 14 desimber 1983) is in Frânsk fuotbalskiedsrjochter. Se stiet sûnt 2009 op de list fan de FIFA fan ynternasjonale skiedsrjochters.

Karriêre

Sûnt 2011 wie Frappart skiedsrjochter yn de Championnat National, de tredde difyzje fan it manljusfuotbal yn Frankryk.

Yn 2014 waard Frappart de earste froulike skiedsrjochter yn de Ligue 2, de twadde difyzje fan it profesjonele manljusfuotbal yn Frankryk. Se wie in jier letter ek skiedsrjochter by it Wrâldkampioenskip fuotbal foar froulju yn Kanada.

Op 3 desimber 2018 waard Frappart oansteld foar de Wrâldkampioenskip fuotbal foar froulju 2019 yn Frankryk. Frappart waard boppedat beneamd ta skiedsrjochter fan de finale fan it toernoai, dat op 7 july 2019 spile waard troch de Feriene Steaten en Nederlân.

Yn april 2019 waard oankundige dat sy de earste froulike skiedsrjochter wurde soe yn de Ligue 1 de heechste difyzje yn it Frânske fuotbal foar manlju. Op 2 augustus 2019 waard bekend dat Frappart oansteld wie as skiedsrjochter by de UEFA Super Cup 2019.

Op 2 desimber 2020 waard se de earste froulike skiedsrjochter by in UEFA Champions League-wedstriid, de wedstriid gie tusken Juventus en Dynamo Kyiv. Yn 2021 waard se de earste frou dy't in wrâldkampioenskip-kwalifikaasjewedstriid late, dat wie de wedstriid tusken Nederlân en Letlân.

Op 19 maaie 2022 waard se selektearre as skiedsrjochter foar it Wrâldkampioenskip 2022. Op 1 desimber 2022 wie se de earste frou dy't in wrâldkampioenskip wedstriid foar manlju liede, Kosta Rika tsjin Dútslân yn Groep E.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy NL
    • Wikipedy EN
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.