Achterhoeke
Spurt Achterhoeke
Spurt Achterhoeke
Algemien
TypeStadler GTW 2/6
Stadler GTW 2/8
OantalStadler GTW 2/6:13
Stadler GTW 2/8:11
Searje2/6: 10252-10264
2/8: 10365-10375
Fabrikantflagge fan Switserlân   Stadler Rail
Yntsjinststelling2012
FerfierderArriva
Line(n)Achterhoeke
Spoarbreedte1435 mm
Gewicht2/6: 71 ton
2/8: 91 ton
Breedte2,95 m
Hichte4,035 m
Uterste faasje140 km/o
Flierhichte780 mm
Doarren2/6: 4
2/8: 6
Breedte doarren1300 mm
Sitplakken
Tal sitplakken2/6: 111
2/8: 170
Sitplakken 1e klasse2/6: 8
2/8: 8
Sitplakken 2e klasse2/6: 84
2/8: 136
Tal klapstuollen2/6: 16
2/8: 19
Tal rolstoelplakken2
Technyk
Stroomsysteem1500 V
Fermogen600 kW
KoppelingScharfenberg

Spurt is de namme fan it materieel fan Arriva, yn 'e tsjinst yn 'e Achterhoeke sûnt 2012.

Algemien

de 10254 Simon Tahamata op stasjon Klarenbeek

Yn de simmer fan 2010 waard bekend dat Arriva 24 diselelektryske treinstellen (trettjin GTW's 2/6 en alve GTW's 2/8) fan de fjirde generaasje besteld hat by Stadler Rail. De diselelektryske stellen wurde fan 9 desimber 2012 ôf ynset op de spoarlinen yn de Achterhoeke tusken Sutfen en Wintersyk en tusken Winterswyk en Arnhim, op de Feluwe tusken Sutfen en Apeldoarn en yn de regio Rivierelân tusken Arnhim en Tiel. Dy treinstellen binne foarsjoen fan in earste klasse, mar hawwe gjin húske. De treinstellen binne read mei in wite foarkant en hawwe wite doarren. Troch tapassing fan mear skuonkromte yn de kûpee-opstelling waarden fjouwer ruten yn it loerdiel grutter en it fyfde rút lytser.

ûnderhâld

De treinstellen krije harren ûnderhâld yn de wurkpleats yn Sutfen. Ek de treinstellen dy 't earne oars tydlik ynset wurde, bliuwe yn Sutfen harren ûnderhâld ûndergean.

Nammen

Elk treinstel is neamd nei in persoan dy't fan grutte betsjutting foar de regio (west) hat.

Stelnûmmer Namme Stelnûmmer Namme Stelnûmmer Namme
10252 Ottho Gerhard Heldring 10253 Herman Hulshof 10254 Simon Tahamata
10255 Harm Edens 10256 Piet Oudolf 10257 Harry Sacksioni
10258 Frans Godard van Lynden van Hemmen 10259 Peter Cuyper 10260 Ellen ten Damme
10261 Flipje 10262 Dames Jolink 10263 J.N. Daalderop
10264 Alfred Mozer 10365 Hendrik Antoon Lorentz 10366 Annemarie Jorritsma
10367 Guus Hiddink 10368 Arne Jansen 10369 Gijs Scholten van Aschat
10370 Piet Mondriaan 10371 Mary Dresselhuys 10372 Hannes
10373 Jhr. Huub van Nispen van Sevenaer 10374 Jan Terlouw 10375 Clemens Cornielje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.