Spreuken | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | מִשְלֵי ("Mišlei") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | wiisheid | |
skreaun | 10e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Psalmen | |
● folgjend diel | Preker | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Spreuken | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
De Spreuken, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מִשְלֵי, Mišlei, foarmje in boek fan dichterlike wiisheid yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach binne de Spreuken it 17de boek (fan 24) en falle se ûnder de Ḵeṯuḇim (Geskriften); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) binne se it 20ste boek (fan 39) en falle se ûnder de Poëzij en Wiisheid. De earste folsleine Fryske oersetting fan Spreuken stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Oarsprong en skriuwer
De fraach wa't de Spreuken skreaun hat, is lange tiid in striidpunt west ûnder bibelwittenskippers en teologen. De namme fan 'e Israelityske kening Salomo wurdt neamd yn Spr. 1:1 ("De spreuken fan Salomo, de soan fan David, de kening oer Israel."). Der wurdt ek ferwiist nei in "Agûr, de soan fan Jaké út Massa" (Spr. 30:1), en in "Lemûel, kening fan Massa" (Spr. 31:1) as skriuwers fan elkmis ien haadstik. Teffens wurde "de mannen fan kening Hizkía fan Juda" neamd (Spr. 25:1), al liket it derop dat dy inkeld besteande teksten kopiëarre en sammele hawwe. Yn 'e Midsiuwen waarden Agûr en Lemûel sjoen as symboalyske nammen foar Salomo, oan wa't hiele Spreuken taskreaun waard. Kening Salomo wurdt op ûnderskate plakken yn 'e Bibel neamd as immen dy't in grut ferskaat oan wysheidsliteratuer fuortbrocht hat, sawol yn 'e Bibel sels as dêrbûten. Sa wurdt yn 1 Keningen 4:32 útholden dat er de auteur wie fan trijetûzen spreuken en tûzen lieten. Mar net inkeld wurde de nammen fan Agûr en Lemûel planút neamd, ek yn 'e rest fan 'e tekst besteane der beskate eleminten fan disharmony dy't suggerearje dat de Spreuken nei alle gedachten mear as ien skriuwer hân hawwe. De measte moderne bibelwittenskippers en teologen hawwe it derop dat fierwei it grutste part fan 'e Spreuken, sanet it hiele bibelboek, fier nei de tiid fan Salomo gearstald is. Inkeld konservative evangelysken hâlde noch út dat Salomo de skriuwer west hawwe moat.
Fryske oersetting
De earste Fryske oersetting út 'e Spreuken giet werom nei it begjin fan 'e fyftjinde iuw, doe't yn 'e hânskriften Unia en Aysma fan Thet Autentica Riocht Spr. 6:16-19 oanhelle waard: "Sawen thing sinter ther god hattet..." Dû. Geart Aeilco Wumkes publisearre yn 1918 yn it tydskrift Yn ús eigen tael in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Spr. 31:10-31, dat er it jiers dêrop ek útjoech as ûnderdiel fan syn Ut 'e Heilige Dobbe. De earste folsleine útjefte fan 'e Spreuken stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin de fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Spreuken waard dêrby dien troch dû. R. Bijl, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Ulbe van Houten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|