Spirit Lake Yndianereservaat Spirit Lake Indian Reservation | ||
Lânskip yn it Sullys Hill National Game Preserve. | ||
polityk | ||
haadplak | Fort Totten (Noard-Dakota) | |
stamme | Spirit Lake Stamme | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Noard-Dakota | |
sifers | ||
ynwenners | 4.435 (2000) | |
oerflak | 1.283,8 km² | |
bef.tichth. | 3,5 / km² | |
oar | ||
stifting | 1867 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Noard-Dakota. Spirit Lake is werjûn yn read. |
It Spirit Lake Yndianereservaat (Ingelsk: Spirit Lake Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Spirit Lake Stamme (Spirit Lake Tribe) yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota.
Geografy
It reservaat leit oan 'e súdigge fan it Devils Lake, benammentlik yn 'e countys Benson en Eddy, al beslacht it ek stikjes fan 'e countys Ramsey, Wells en Nelson. Foarhinne droegen it reservaat en de stamme de namme fan "Devils Lake" ("Duvelsmar"), nei de mar; om 2000 hinne binne se lykwols omneamd ta "Spirit Lake" ("Geastemar") fanwegen de negative assosjaasjes dy't it wurd devil ("duvel") by de measte lju oprôp. Op guon lânkaarten stiet it trouwens werjûn as it Fort Totten Yndianereservaat.
Demografy
Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe goed 4.400 minsken yn it reservaat, al waard der yn 2013 rûsd dat der doe goed 6.000 ynwenners wêze moasten. It reservaat hat in oerflak fan krapoan 1.300 km². It haadplak (en grutste plak) is Fort Totten, dêr't sawol it haadkertier fan 'e stamme, de middelbere skoalle fan it reservaat, as it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige is.
Skiednis
It Spirit Lake Reservaat waard yn 1867 oprjochte, doe't de Eastlike Dakota as gefolch fan 'e blanke kolonisaasjedruk en by wize fan repressaillemaatregel fanwegen de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 út harren foarâlderlike thúslân yn Minnesota ferdreaun waarden.
Ekonomy
Om't yn it (federale) reservaat de wetten fan 'e steat Noard-Dakota, dy't gokken ferbiede, net jilde, liet de Spirit Lake Stamme yn 'e jierren tachtich al twa kasino's sette, dy't yn 1996 beide tichtgiene om romte te meitsjen foar it folle gruttere Spirit Lake Casino, dêr't de stamme noch altiten syn measte ynkomsten út hellet. Fanwegen de relative isolaasje fan it reservaat fan grutte befolkingssintra is it allegeduerigen lijen mei de lokale ekonomy. Der binne net folle pleatslike ûndernimmingen, en de wurkleazens bedroech yn 2000 47,3%.
Mooglik dat mei bettere marketingstrategyen it toerisme yn 'e takomst útkomst biede kin, want it Spirit Lake Reservaat omfettet ynteressante saken, lykas de Fort Totten State Historic Site, in histoarysk fort dat ek tsjinne hat as ynternaat foar Yndiaanske bern, en dat opnommen is yn it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken. Fierders leit ek it Sullys Hill National Game Preserve binnen de reservaatsgrinzen, in national wildlife refuge (natuergebiet mei in legere beskerme status as dy fan nasjonaal park), dêr't û.m. 20-30 bizons, 25-40 wapitys, 20-30 wytsturtharten en in koloanje prêrjehûnen libje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |