Spionaazjefiksje is in sjenre fan fiksje dat it ferskynsel spionaazje as eftergrûn of wichtich plotpunt hat. It sjenre is nau besibbe oan skrillerfiksje en omfiemet ornaris ek eleminten fan aventoerefiksje. Spionaazjefiksje ûntstie om 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw hinne. Spionaazjefiksje omfiemet sawol spionaazjeliteratuer (lykas de spionaazjeroman en it spionaazjeferhaal) as de spionaazjefilm en ekwifalinten yn oarsoartige media, lykas harkspullen en fideospultsjes. In subsjenre dat it spionaazje-elemint fermingt mei science fiction hjit spy-fi.
Skiednis
Untstean
Yn syn wurk The Bible as Literature skreau bibelûndersiker William C. Bendler dat haadstik 2 fan it bibelboek Jozua wol beskôge wurde kin as it earste spionaazjeferhaal út 'e wrâldliteratuer. Yn dy bibelpassaazje stjoer Jozua, de lieder fan 'e al fjirtich jier lang yn 'e Sinaïwoastyn omdoarmjende Israeliten, in pear spionnen út om, foarôfgeande oan 'e ferovering fan it lân Kanaän, ynljochtings te sammeljen oer de ferdigening fan 'e stêdsteat Jericho. De mannen krije op harren misje help fan in pleatslike prostituee, Rachab. Sy en har famylje wurde neitiid, by de Israelityske ynname fan Jericho, as iennichsten troch de ynfallers sparre.
Iere foarrinners fan spionaazjefiksje wiene romans as The Spy (1821) en The Bravo (1831) fan 'e Amerikaanske skriuwer James Fenimore Cooper. As in literêr sjenre ûntstie spionaazjefiksje tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw, doe't it ynspirearre waard troch de rivaliteiten fan 'e Jeropeeske grutmachten en de oprjochting fan 'e earste moderne ynljochtingetsjinsten.
Foarbylden út dy tiid binne romans as Kim (1901) fan Rudyard Kipling, oer de rivaliteit tusken it Feriene Keninkryk en it Keizerryk Ruslân om 'e hearskippij oer Sintraal-Aazje, The Riddle of the Sands (1903) fan Erskine Childers, oer in pear Britske silers dy't har ta amateurspionnen ûntjouwe as se by in tocht oer de Noardsee ûntdekke dat it Keizerryk Dútslân plannen hat om it Feriene Keninkryk binnen te fallen, en The Secret Agent (1907) fan Joseph Conrad, oer in Britske revolúsjonêre sel besteande út maatskiplik marginalisearre manlju en froulju en in Russysk komplot foar in bomoanslach op 'e Stjerrewacht fan Greenwich. In folgjend boek fan Conrad, Under Western Eyes (1911), folget in tsjinnige spion dy't troch Ruslân útstjoerd wurdt om in sel fan revolúsjonêre ballingen yn Sjenêve te ynfiltrearjen.
Om dyselde tiid hinne ferskynde ek The Scarlet Pimpernel (1905) fan Emma baronesse Orczy, in histoaryske spionaazje-eftige roman oer de aventoeren fan in Ingelske aristokraat dy't yn Frankryk ûnder it Skrikbewâld fan fuort nei de Frânske Revolúsje Frânske eallju fan 'e guillotine rêdt troch harren it lân út te smokkeljen. Teminsten twa Sherlock Holmes-ferhalen fan sir Arthur Conan Doyle kinne ek oanmurken wurde foar spionaazjeferhalen. Yn The Adventure of the Naval Treaty (1893) wit Holmes de tekst fan in marineferdrach tusken it Feriene Keninkryk en Itaalje werom te finen, dy't stellen is troch in spion foar in trêde lân. Yn His Last Bow (1917) fungearret Holmes sels as dûbelagint en spilet er oan 'e foarjûn fan 'e Earste Wrâldoarloch falske ynformaasje troch oan Dútslân.
Lettere ûntjouwings
Yn 'e jierren fan 'e Earste Wrâldoarloch woeks de Brit John Buchan út ta de meast foaroansteande skriuwer fan spionaazjeromans, lykas The Thirty-nine Steps (1915) en Greenmantle (1917). Yn it Ynterbellum wie de wenstige fijân fan 'e Westerske spionnen yn spionaazjefiksje oer it algemien de 'reade driging' fan it kommunisme, dy't nei de Russyske Revolúsje útgie fan 'e Sovjet-Uny. Yn dy tiid gie û.o. de langrinnende romansearje fan Leslie Charteris oer The Saint fan start mei de roman Meet the Tiger (1928). Yn 'e oanrin nei de Twadde Wrâldoarloch krige de spionaazjeroman in nije ympuls troch de opkomst fan it nasjonaal-sosjalisme yn nazy-Dútslân en it faksisme yn oare lannen, lykas Itaalje, Spanje, Japan en grutte dielen fan East-Jeropa. Behalven foar nije spannings yn 'e wrâldpolityk soarge dat nammentlik ek foar in hiel nije skala oan antagonisten foar spionaazjeskriuwers.
Nei de oarloch ûntjoech spionaazjefiksje him ta syn moderne foarm troch de Kâlde Oarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny, dy't oant 1991 duorre. De ynfloedrykste skriuwer fan spionaazjeromans út dy snuorje wie de Britske auteur Ian Fleming, dy't yn 1953 mei Casino Royale úteinsette mei syn romansearje oer it personaazje fan James Bond. Dat groeide meitiid út ta, nei alle gedachten, de meast ferneamde fiktive spion aller tiden. Te begjinnen mei Dr. No (1962) waarden de romans oer Bond ek ferfilme yn in filmsearje dy't anno 2022 noch altyd rint.
Oare ferneamde Britske spionaazjeskriuwers út 'e Kâlde Oarloch wiene John le Carré, Graham Greene (mei û.m. Our Man in Havana), Alistair MacLean en Frederick Forsyth (mei û.o. The Day of the Jackal). Bekende Amerikaanske skriuwers út dyselde tiid wiene James Grady (mei û.o. Six Days of the Condor), Robert Ludlum (mei û.o. The Bourne Identity) en Tom Clancy (mei it personaazje Jack Ryan yn The Hunt for Red October en ferfolchromans). Bekende skriuwers fan spionaazjefiksje út it post-Kâlde Oarloch-tiidrek binne û.o. David Balcacci en Stieg Larsson mei syn Millennium-trilogy.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|