spegelgroukopke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Heteropterus morpheus | ||||||||||||
Pallas, 1771 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It spegelgroukopke (Heteropterus morpheus) is in flintersoarte yn it monotypyske skaai fan de spegelgroukopkes (Heteropterus).
Foarkommen
Yn Nederlân is de flinter in seldsume soarte. Se binne tige honkfêst en tige kwetsber. Se komme noch foar yn Limburch en Noard-Brabân. Hiel lokaal komme se in soad foar. Yn 1950 kaam de flinter allinnich foar de omkriten fan Apeldoarn. Nei 1950 ek yn Brabân.
Yn 1990 kaam de flinter yn fjouwer ferskillende gebieten foar: by Apeldoarn, de Weesterbosk, yn Goar flakby Soerendonk en de Grutte Peel. De populaasjes by Soerendonk en de Weesterbosk binne efterút gong. Mar de populaasje yn De Peel wurdt grutter. Fan 2002 ôf fleant der ek in populaasje by Deurne. De flinter hâldt fan heide en leafbosken. Faak binne se te finen by boskrânen.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter
De wjuklingte is likernôch 15 oant 18 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk hat grutte wite plakken. Dy lykje wol op spegels. Dêrom ek de namme Spegelgroukopke. De flinters fleane op in huppeljende wize. In stikje omheech en dan wer nei ûnderen.
Fljochtiid
De flinter fljocht fan begjin augustus ôf. Foaral tusken 1 oant 20 july. De flinter fljocht altyd yn ien generaasje.
De rûp
De rûp is grien mei in brún kopke. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. De rûp oerwinteret allinnich tusken ynspûne blêden. De rûp groeit yn de simmer en de hjerst en it foarjier dêrop.
De rûp fret ferskillende soarten gers en reid.