Speetsing of spytsing, fan it wurd 'speetse', 'speets' of 'spyts' (foar in skerpe stôk), is in âlde, tige pynlike en dêrom ôfskrikwekjende metoade om 'e deastraf út te fieren. Dêrby waard in persoan penetrearre troch in objekt lykas in peal, stôk of heak, dêr't yn 'e regel de romp hielendal troch perforearre waard, mei (úteinlik) de dea ta gefolch. Speetsing waard faak brûkt om ferrieders, opstannelingen en kollaborateurs te bestraffen. Soms waard it ek tapast op deserteurs, strûkrôvers en grêfskeiners. Oare redens foar speetsing koene kultureel bepaald wêze of lizze op seksueel (bgl. homoseksualiteit) of religieus flak (bgl. ketterij of hillichskeining). Speetsing komt inkeld ek wol by ûngelokken foar.
Metoaden
De meast foarkommende metoade om immen te speetsen wie fertikaal, mei de holle omheech. De peal waard dan yn 'e regel troch de anus nei binnen dreaun en kaam tusken de skouderblêden of troch de mûle wer nei bûten. By froulju koe ek de fagina as yngong brûkt wurde. It wie ek mooglik om it slachtoffer ûnderstboppest te speetsen, wêrby't de mûle as yngong en de anus of fagina as útgong brûkt waard. In oare metoade wie horizontale speetsing, wêrby't de peal troch de búk nei binnen ta dreaun waard en troch rêch nei bûten kaam, of oarsom. Yn alle neamde gefallen waard de peal neitiid rjochtop set, wylst it slachtoffer deroan hingjen bleau.
It kaam ek wol foar dat it slachtoffer libben begroeven waard, wêrnei't de peal fan boppenôf de grûn yn hammere waard, dwers troch him of har hinne. Ek kaam it foar dat in slachtoffer omheech hyst waard oan in tou, wêrby't er tsjin in bêd fan skerpe metalene pjukken of heakken oan kaam te rêsten. It tou waard dan loslitten, sadat it slachtoffer oan 'e heakken hingjen bleau. Dy metoade waard yn it Ingelsk gaunching neamd.
Noch wer in oare metoade wie troch it slachtoffer oan ien grutte heak te hingjen, lykas in kadaver yn in slachthûs. De heak waard dan yn 'e regel fan efteren tusken de skouderblêden of fan foarren ûnder de ribben nei binnen ta slein. Yn Algiers wiene der spesjaal foar dat doel metalene heakken oan 'e bûtenkant fan 'e stedsmuorren befêstige, dêr't slachtoffers fan 'e kantielen ôf op smiten waarden. It mei in heak ûnder de ribben ophingjen fan minsken waard ek dien troch de Osmanen yn it achttjinde-iuwske Bosnje, en troch de Nederlanners yn it santjinde-iuwske Suriname mei opstannige slaven.
Ut 'e Twadde Wrâldoarloch komt it ferhaal dat Japanske soldaten wol kriichsfinzenen martelen troch it slachtoffer stevich fêst te binen hingjend boppe in jonge bamboeleat. Men moat witte dat bamboe ien fan 'e fluchst groeiende planten fan 'e wrâld is. Yn 'e folgjende dagen penetrearre de skerppuntige leat sadwaande de kriichsfinzene, en groeide dêrnei hielendal troch him hinne, oant er der úteinlik oan 'e oare kant wer út kaam. Hoewol't dit ferhaal in protte op 't aljemint brocht wurdt, benammen op it ynternet, bestiet der lykwols gjin oertsjûgjend bewiis dat it echt bard is.
Oerlibbingstiid
Hoelang't in slachtoffer noch libbe nei't er speetst waard, fariëarre, ôfhinklik fan 'e omstannichheden. Yn guon gefallen wie hy of sy suver fuortendaliks dea of folge de dea nei in pear minuten. Minsken dy't minder lok hiene, koene noch oeren of soms sels ien oant trije dagen libje. De Nederlânske bestjoerders yn Batavia wiene nei't it skynt tige kundich yn it lange tiid yn libben hâlden fan speetsingsslachtoffers. Neffens in reisferslach út 1791 hie in P.M.F. de Pages dêr mei eigen eagen sjoen hoe't in man seis dagen yn libben bleau nei't er speetst wie, wylst yn in oare reisferslach, út 1798, fermelden waard dat in pleatslike sjirurgyn oan 'e skriuwer ferteld hie dat ien speetsingsslachtoffer ris acht dagen lang yn libben bleaun wie. Nei't it skynt wie de manear fan it ynbringen fan 'e peal op dit mêd fan krúsjaal belang. As dy troch de midden fan it liif gie, waarden nammentlik wichtige organen skansearre, sadat de dea net folle letter folge. As mei de peal lykwols de rin fan 'e wringe folge waard, koe soks foarkomd wurde, en dan koe immen noch dagenlang yn libben bliuwe.
Skiednis
De ierst bekende fermeldings fan speetsing komme út 'e Koade fan Hammûrabi, út 1754 f.Kr., dy't ferneamd is nei Hammûrabi, in kening fan it Aldbabyloanyske Ryk. Dêryn waard fêstlein dat in frou speetst wurde moast as se har man fermoarde hie sadat se mei in oare man trouwe koe. Ut oare teksten kin opmakke wurde dat yn Babyloanje letter ek oerhoer (sûnder moard) al reden wêze koe om in frou te speetsen. Fan omtrint 1200 f.Kr. binne dokuminten oerlevere dêr't út opmakke wurde kin dat yn 'e Fenisyske stêdsteat Sidon in Oegarityske keapman speetst waard om't er op 'e iene of oare wize hillichskeining dien hie foar de beskermgod fan Sidon oer.
Ut it Alde Egypte is bekend dat Merneptah, in farao fan 'e Njoggentjinde Dynasty, Libyske kriichsfinzenen speetse liet nei in mislearre ynvaazje fan syn syk troch harren yn it fyfde jier fan syn regear. Oare farao's dy't gebrûk makken fan speetsing as foarm fan 'e deastraf wiene û.o. Sobekhotep II, Achenaton, Seti en Ramses IX. Ut stânbylden en oare byldhouwurken út it Nijassyryske Ryk (934-609 f.Kr.) docht bliken dat speetsing doe ek frij algemien foarkaam. In ôfbylding fan speetste Judeeërs is in detail fan in grutter byldhouwurk ta eare fan 'e Assyryske oerwinning yn 701 f.Kr., by it Belis fan Lachisj. Dat fûn plak ûnder it regear fan kening Sanherib, dy't ûnder deselde fjildtocht ek de Filistinen fan Ekron dy behanneling joech.
Neffens de Grykske histoarikus Herodoatus soe de Perzyske kening Darius I nei syn ferovering fan Babylon 3.000 Babyloanjers speetse litten hawwe. Darius skreau sels (yn 'e Ynskripsje fan Behistûn) dat er letter nei in mislearre opstân yn Babylon de lieder, Nebûkadnêzer III, en 49 fan dy syn eallju speetse litten hie. Ek liet er Fraortes, de lieder fan in Medyske opstân, speetse. Yn it bibelboek Ester, dat oer deselde perioade giet, wurdt fernijd dat de Perzyske earste minister Haman en syn tsien soannen speetst waarden op befel fan kening Ahasfearos (Ester 7:10). Dêrby moat oantekene wurde dat Ester nei alle gedachten gjin histoaryske tekst is, mar in wurk fan fiksje.
Yn it Romeinske Ryk kaam speetsing sporadysk foar, mei't de Romeinen mear gebrûk makken fan krusiging. Neffens kêst 131 fan 'e Constitutio Criminalis Carolina (út 1532) wie speetsing yn it Hillige Roomske Ryk ien fan 'e straffen foar froulju dy't skuldich wiene oan ynfantiside. Ornaris waarden sokken ferdronken, mar yn slimme gefallen moasten se libben begroeven wurde, wêrnei't der harren in peal troch it lichem slein waard. Dyselde metoade wie yn 'e Midsiuwen yn Jeropa ek de bestraffing fan ferkrêfters fan bern en froulju dy't noch net earder seksuële omgong mei in man hân hiene. It wie ek in iere foarm fan 'e deastraf foar lju dy't oerhoer dien hiene. Letter waard dat út en troch noch brûkt as metoade om froulju te bestraffen dy't beskuldige wiene fan hekserij. Sa waard yn 1587 yn Kiel de 101-jierrige Sunde Bohlen as hekse libben begroeven en doe speetst.
Yn East-Jeropa wie speetsing yn 'e Lette Midsiuwen en de Renêssânse ek in frij gebrûklike bestraffing foar strûkrôverij. It Foarstedom Walachije waard yn 'e fyftjinde iuw fan 1456 oant 1462 bestjoerd troch Vlad de Speetser, ek bekend as Vlad Dracula, dy't syn bynamme tanke oan syn foarleafde foar speetsing as foarm fan 'e deastraf. Neffens guon (benammen troch syn fijannen optekene) ferhalen, soe dy yn syn seisjierrige regearperioade tusken de 40.000 en 100.000 boargers speetse litten hawwe. De slachtoffers soene politike rivalen en kriminelen west hawwe, mar ek eltsenien dy't Vlad beskôge as "sûnder wearde foar de minskheid". Troch etnyske Roemenen wurdt er lykwols beskôge as in folksheld om't er in ynfallend Osmaansk leger weromdreau oer de Donau, wêrby't er oant wol 100.000 Osmaanske kriichsfinzenen speetse litten hawwe soe.
Ek yn it Osmaanske Ryk waard yn dy tiid rûnom gebrûk makke fan speetsing, benammen ûnder en fuort nei de Fal fan Konstantinopel, yn 1453. Under de Tritichjierrige Oarloch (1618-1648), yn Dútslân, waard it ferskate kearen tapast op soldaten dy't oerrûn wiene nei of beskuldige waarden fan kollaboraasje mei de fijân. Itselde oerkaam yn 1685 guon kristenen yn it Keninkryk Hongarije, dy't it mei de Osmanen holden hawwe soene. Ek op it Yndyske subkontinint waard speetsing wol brûkt as eksekúsjemetoade, en itselde gou foar Japan, Sina en Súdeast-Aazje (û.m. troch de iere Nederlânske koloniale autoriteiten yn Nederlânsk-Ynje). Under syn feroveringsoarloch yn Súdlik Afrika (de Mfecane) liet de Sûlû-kening Shaka (1781-1828) kriichsfinzenen speetse en ek guon fan syn eigen krigers dy't lef west hiene. Speetsing waard, foarsafier bekend, foar it lêst as eksekúsjemetoade ynset, sij it sporadysk, troch de Turken ûnder de Armeenske Genoside (1915-1923), en (mooglik) troch de Japanners tsjin kriichsfinzenen yn 'e Twadde Wrâldoarloch.
Yn 'e bistewrâld
Yn 'e natoer speetse rôfdieren inkeld 'by tafal', útsein skateksters (Nederlânsk: klauwieren), dy't proaien (foar it meastepart ynsekten) mei opset sin as itensfoarrie libben op in twiich, toarne of stikel fan stikeltrie speetse.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and notes en Bibliography, op dizze side.
|