Spaanske hôfsjonger
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljereidsjongerfûgels (Acrocephalidae)
skaaihôfsjongers (Hippolais)
soarte
Hippolais polyglotta
Vieillot, 1817
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

De Spaanske hôfsjonger of Orfeusspotfûgel (Hippolais polyglotta) is in moskeftich fûgeltsje út de famylje fan de Acrocephalidae. It fûgeltsje hâldt fan waarmte en komt yn 'e maaitiid oant de trek yn in relatyf lyts gebiet yn it súdwesten fan Europa foar, mar it ferspriedingsgebiet wurdt optheden nei it noardwesten ta útwreide. Yn 2018 waard it brieden fan de soarte by it ringjen fan in wyfke op Sumarreheide foar it earst yn Fryslân fêststeld.[1]

Beskriuwing

De Spaanske hôfsjonger is likernôch 13 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 17,5 oant 20 sintimeter. De fûgel weecht ûngefear 10 oant 13 gram en hat neffens oare hôfsjongers in relatyf koart snaffeltje. Yn it fjild is dêr lykwols net op ôf te gean.

Spaanske hôfsjonger

Oer it algemien hat de soarte in soad wei fan de giele hôfsjonger. De rêch is grieneftich brún, de ûnderkant ljochtgiel, wylst de poatjes brúneftich binne. De eachring, de rânen by it snaffeltje en it gebiet dêrtusken binne ljochtkleurich.

Mantsjes en wyfkes hawwe in wakker allike kleur, allinne binne de kleuren fan in mantsje yn 'e regel mear sprekkend. De jonge fûgels falle oer it algemien wat skierich út en ek de fearren op de fleugels binne skierder.

De soarte wurdt rillegau betiizge mei de giele hôfsjonger. It meast ûnderskiedend binne de koartere wjukken fan de spaanske hôfsjonger en in koartere hânpinneprojeksje (it diel fan in optearde wjuk, dat útstekt bûten de langste tertial).

Yn it noardwestlike ferspriedingsgebiet (Noard-Frankryk, dielen fan Dútslân, Belgje en Nederlân) oerlaapje de giele hôfsjonger en de Spaanske hôfsjonger inoar, mar se hawwe wol in eigen leefgebiet. De giele hôfsjonger komt foar yn houtwâlen, singels, bledferliezende boskrânen en parken, wylst de Spaanske hôfsjonger in foarkar hat foar iepen gebieten mei strewellen en tichte strûken.

Lûd

De rop fan de spaanske hôfsjonger is in moskeftige, yn grut tempo wjerheljende rattel. De úthalen fan de giele hôfsjonger lit in spaanske hôfsjonger net hearre.

It sjongen wurdt allinne troch de mantsjes dien. Se sitte dan it leafst op it heechst fan in strûk of beamke en litte har ier yn 'e moarn of tsjin it ein fan de middei hearre. De fûgel swijt by de trek.

Fersprieding

It oarspronklike ferspriedingsgebiet is Súd-Europa, mar stadichoan wurdt it útwreide nei ús kontrijen ta. Sûnt 1911 wiene de waarnimmings by it ringjen yn Fryslân op twa hannen te tellen. De measten dêrfan wiene oan de kust yn de Súdwesthoeke of op ien fan de eilannen.[2] Foar it earst waard it brieden fan de spaanske hôfsjonger yn 1990 yn Flevolân fêststeld. Tsjintwurdich binne de measte briedgefallen yn de provinsje Limburch, mar it bliuwt yn ús kontreien optheden noch in seldsum fûgeltsje. Oan de hân fan in briedflek koe by it ringjen fan de spaanske hôfsjonger yn juny 2018 op Sumarreheide fêststeld wurde dat de fûgel ek yn Fryslân bret hat.

Aaikes fan de spaanske hôfsjonger

Nêst

Fuort yn de briedtiid begjin it mantsje te sjongen. Nei it pearen siket it wyfke it plak út foar it nêst. Dat wurdt yn 'e regel 1 oant 2 meter boppe de grûn yn in tichte strûk of lytse beam boud en bestiet foar it measte út gers en fine woartels.

Yn 12 oant 14 dagen briedt it wyfke de 3-5 grien-grize aaikes út, wylst it mantsje it iten (ynsekten) fersoarget. Sadree't de jongen útkomme helpt ek it wyfke by it sykjen fan iten. Nei tolve dagen kinne de jonge fûgels fleane, se wurde dan noch twa wiken fuorre troch de âlden oant se harrensels rêde kinne.

Trek

Yn augustus ferlitte de fûgels harren briedgebieten. De lêste waarnimmings yn Midden-Europa binne yn septimber, yn Frankryk faaks noch yn oktober. De spaanske hôfsjonger fleant nei tropyske kontrijen súdlik fan de Sahara om dêr te oerwinterjen. Hoe lang oft se dêr krekt bliuwe is net bekend, mar yn maart binne de earste fûgeltjes dan wer yn Noard-Afrika te sjen en yn it midden fan april oant ein maaie komme se wer yn 'e Europeeske briedgebieten oan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.