De Spaanske Boargeroarloch of Spaanske Boargerkriich, dy't fan 1936 - 1939 duorre, wie in wapene yntern konflikt op Spaanske grûn tusken republikeinen kommunisten (mei steun fan de kommunistyske Sovjet-Uny), anargisten en ynternasjonale frijwilligers oan de iene kant en saneamde nasjonalisten en monargisten (mei steun fan nazi-Dútslân en fassistysk Itaalje) oan de oare kant.
It totale deadetal, de republikeinse suveringen en eksessen yn de oarloch en de nasjonalistyske represje nei ôfrin mei rekkene, wie hast in heal miljoen minsken.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.