Marshal Villars liet de Frânske oanfal yn de Slach fan Denain
(Skilderij fan Jean Alaux (1786–1864) út 1839)

De Spaanske Súksesjeoarloch wie in oarloch fan 1702 oant 1715 tusken de Dútske keizer, de Nederlânske Republyk en Ingelân oan de iene kant en Frankryk en Spanje oan de oare kant. Ynset foar dit konflikt wie de drigende fersteuring fan de Jeropeeske machtsferhâldings troch de oanspraak fan de Frânske kening Loadewyk XIV op de Spaanske troan.

Skiednis

Nei de dea yn 1700 fan Karel II fan Spanje, dy't gjin bern hie, makke Loadewyk XIV fan Frankryk oanspraak op de Spaanske troan foar syn pakkesizzer Filips fan Anjou, wylst de Dútske keizer Leopold I syn twadde soan, Karel nei foaren skode. In wiidweidige oarloch wie it gefolch dy't net allinnich op Jeropeeske boaiem útfochten waard, mar ek yn Noard-Amearika en wêryn't de Frânsen in soad ferlies nimme moasten.

Omdat de Ingelsen de oarloch beëinigje woenen en har al yn 1710 út de striid weromloeken, kaam Frankryk der by de fredesûnderhannelins goed fanôf. En omdat Karel yn 1711 de nije Dútske keizer waard, en sadwaande net langer in geskikte kandidaat wie, koe Filips V de Spaanske troan ynnimme.

By de fredespetearen, de Frede fan Utert yn 1713 en de Frede fan Rastatt yn 1714, waarden de Spaanske besittingen ferdield tusken Filips en it Hûs Habsburch. Ingelân krige Gibraltar, Minorka en Nijfûnlân. De Súdlike Nederlannen kamen oan Eastenryk. En de Republyk mocht in oantal barriêrestêden hâlde en krige Venlo.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.