In spûkferhaal (oant 2015 stavere as spoekferhaal) is in folksferhaal, toanielstik, literêr koart ferhaal of langere foarm fan fiksje (lykas in roman), dêr't de ferskining fan in spûk (de omwaarjende geast fan in ferstoarne) in wichtich diel fan útmakket. Yn sokke ferhalen kin it spûk út himsels ferskine of aktyf troch de libbenen oproppen wurde. Faak is der sprake fan in plak dêr't it spûket, wat sizze wol dat in spûk oan dat beskate plak ferbûn is. Soms wurde ek foarmen fan fiksje ta it sjenre fan it spûkferhaal rekkene dy't as útgongspunt it mooglike bestean fan spûken hawwe of wêrfan't de haadpersoanen yn spûken leauwe, hoewol't der eins gjin spûkferskinings yn foarkomme.
It spûkferhaal is in subsjenre fan fantasy en faak ek fan horror. Dat lêste hinget derfan ôf oft it ferhaal bedoeld is om 'e lêzer kjel te meitsjen of net. Yn 'e folksmûle wurde ek wol alle ferhalen dy't bedoeld binne om skrik oan te jeien 'spûkferhalen' neamd, hoewol't in korrektere term dêrfoar winliken grizelferhalen is. It skrikeffekt ûntbrekt lykwols ek gauris yn spûkferhalen, mei't sokke ferhalen foar alderhanne doel skreaun binne, fan komeedzjes oant moraliteiten. Faak wurdt oan it spûk de rol taparte fan in skyldwacht of de oerbringer fan in foarsizzing, profesije of warskôging. Mei't it leauwe (of byleauwe) yn spûken yn maatskippijen út 'e hiele wrâld foarkomt, kinne sokke wêzens ek op kultureel mêd in grut ferskaat oan foarmen oannimme.
Foarbylden fan ferneamde klassike spûkferhalen binne The Legend of Sleepy Hollow fan Washington Irving, The Tell-Tale Heart fan Edgar Allan Poe en The Canterville Ghost fan Oscar Wilde. Behalven in op himsels steand ferhaal kin in spûkferhaal ek in ûnderdiel fan in langer wurk foarmje. Dat is bgl. it gefal mei it toanielstik Hamlet fan William Shakespeare (de passaazje dêr't Hamlet de geast fan syn fermoarde heit moetet) en A Christmas Carol fan Charles Dickens (de passaazje dêr't Ebenezer Scrooge warskôge wurdt om syn libben te betterjen troch de geast fan syn eardere sakepartner Jacob Marley).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|