Sozialdemokratische Partei Deutschlands | |
---|---|
Partijlieder | Saskia Esken, Norbert Walter-Borjans |
Partijfoarsitter | |
Oprjochting | 23 maaie 1863 (ADAV) 8 augustus 1869 (SDAP) maaie 1875 (gearfoeging) 12–18 oktober 1890 (SPD) |
Haadsit | Berlyn |
Ledetal | 404.305 (2020) |
Jongereinorganisaasje | Jusos |
Rjochting | Sintrumlofts |
Ideology | Sosjaaldemokrasy, Europeesk federalistysk |
Wittenskiplik buro | |
Europeeske fraksje | Progressive Alliânsje fan Sosjalisten en Demokraten |
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan | Sosjalistyske Ynernasjonale |
Webside | www.spd.de |
De Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD, Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân) is de âldste politike partij fan Dútslân; ien fan har foargongers waard oprjochte yn 1863, de hjoeddeiske namme hat se sûnt 1890. Se wie jierrenlang Dútslânsk grutste partij yn ledetal (438.000 leden yn 2017) en hieltyd ien fan de grutste, sa net de grutste sosjaaldemokratyske partij yn de wrâld.
Yn 1918 waard foar it earst in sosjaaldemokraat regearingslieder fan Dútslân. Yn 1933 waard de partij ferbean, mar weroprjochte yn 1945 waard it de op ien nei wichtichste partij. Yn de perioaden 1969 – 1982 en 1998 -2005 en fan 2021 ôf wie de bûnskanselier in sosjaaldemokraat.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.