Sosjaalliberalisme is in politike streaming dy't minder negatyf is oer it yngripen fan de steat yn de maatskippij. Oare nammen foar sosjaalliberalisme binne progressyf liberalisme en lofts-liberalisme.
De streaming ûntstiet oan it begjin fan de 20e iuw as sosjalisten en liberalen ta in kompromis komme en punten fan de oare politike ideology oernimme.
Nederlân
D66 en GroenLinks binne de progressyf-liberale partijen fan Nederlân, mar ek bûten dizzze partijen binne progressief-liberalen warber. Yn oktober 2005 is DeZes oprjochte en yn augustus 2006 de Liberaal Demokratyske Partij (LibDem).
Opfettings yn it sosjaal-liberalisme
It progressyf liberalisme hat in oantal skaaimerken:
- Hoedzjen fan boargerfrijheden
- In mingde ekonomy
- Sosjale foarsjennings dy't yndividuele ûntjouwing mooglik meitsje
- Tagonklik ûnderwiis en sûnenssoarch
- Omtinken foar duorsumens en bistewolwêzen
- Liberale opfettings oer etyske kwestjes, sa as homohoulik, eutanasy, abortus, prostitúsje en drugsbelied
- Konstitusjonele herfoarmingen dy't demokratisearring fersterkje
- (Yn Europa) Foarstanner fan Europeeske yntegraasje
- Fersterking fan it ynternasjonaal rjocht (multilateralisme) en minskerjochten
Sosjaal-liberale filosofen
Wichtige progressyf-liberale filosofen binne ûnder oaren Thomas Hill Green, John Stuart Mill, Isaiah Berlin, John Rawls, en Amartya Sen.