Sonar (sound navigation and ranging) isin technyk dy't lûd brûkt om ûnder wetter te navigearen of om oare foarwerpen te detektearen. Der wurdt in ûnderskied makke tusken aktive en passive sonar.
Aktive sonar
Aktive sonar ferstjoert in lûds, dy't ek wol ping neamd wurdt, om dêrnei nei de wjerkeatsing derfan te harkjen. Om de ôfstân ta in objekt te mjitten, wurdt de tiid mjitten dy't feerstrykt tusken de emisje en de ûntfangst fan de puls. Om de grutte fan it detektearre foarwerp te bepalen wurde ien as mear hydrofoans brûkt en wurdt de respektyflike ûntfangsttiid mjitten.
ASDIC (Allied Submarine Detection Investigation Committee) wie de namme fan de earste aktive sonartechnology. De puls kin in konstante of in wikseljende frekwinsje hawwe, wat in typysk piipjend lûd feroarsaket (chirp). As de sonar in sjirp ferstjoert, kin de ûntfanger deselde ynformaase garje as by it ferstjoeren fan in folle koartere puls fan deselde krêft. Oer it generaal brûke aktive lange-ôfstânssonars legere frekwinsjes. De leechste meitsje in BAH-WONG-lûd.
De meast brûkte lytse sonars sjogge derút as in wettertichte kniplampe. Se wurde ûnder wetter hâden, der wurdt op in knop drukt en de mjitten ôfstân kin ôflêze wurde. In fariant is de fisksiker dy't de mooglikheid hat skoallen fisk op te spoaren. Sommige sonars biede deselde mooglikheden as de sonars dy't ûntwikkele binne foar militêre doeleien en kinne trijediminsjonale bylden toane. Se binne net ûntwurpen foar ûnopfallend gebrûk; it brûken fan aktive sonar levert net allinnich de posysje fan de tsjinpartij, maar stelt dizze tsjinpartij tagelyk yn steat de posysje dêr't it sonarsinjaal weikaam te bepalen.
As sonar brûkt wurdt om djipte te mjitten wurdt dit echopeiling neamd.
Passive sonar
Passive sonars harkje allinnich mar en wurde meast by militêre tapassings brûkt.
Sonar wurdt beynfloede troch wetterlagen mei ferskillende temperatueren. De seetemperatuer farieart as funksje fan de djipte en earne tusken in djipte fan 30 en 100 m sit in betreklik skerpe skieding tusken kâld en waarm wetter. Dit hjit in thermocline. In lûd dat fan de iene kant fan de thermocline komt hat de niging werom te keatsen, útsein as it tige lûd is. Thermocline is net oanwêzich yn minder djippe kustwetters.
De hydrofoans wurde meastal op ôfstân meisleept om lûdshinder te mijen. Sa wurdt it ek mooglik om de hydrofoans boppe of ûnder de thermocline te posysjonearen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sonar fan Wikimedia Commons. |