| |||||
Offisjele taal | Somalysk | ||||
Haadstêd | Mogadishu | ||||
Steatsfoarm | Tydlike Federale Oerheid | ||||
Gebiet % wetter |
637,657 km² 1,6% | ||||
Ynwenners (2003) | 11 miljoen | ||||
Munt | Somali shilling (SOS) | ||||
Tiidsône | UTC +3 | ||||
Nasjonale feestdei | 1 july | ||||
Lânkoade | SOM | ||||
Ynternet | .so | ||||
Tillefoan | 252 |
Somaalje, sûnt 2012 offisjeel de Federale Republyk Somaalje, is in lân yn east-Afrika. De haadstêd is Mogadisjû.
Troch politike ynstabiliteit en it oanhâldend fjochtsjen tusken ferskate partijen bestiet der sûnt it begjin fan de 90er jierren fan de 20e iuw net langer in offisjele oerheid yn Somaalje. In part fan de befolking hat har eigen lokale regear makke, hja neame it Somalylân, lykwols is dizze steat noch troch gjin oare steat erkend.
Geografy
Lizzing
It oerflak fan Somaalje is 637,657 km² grut en leit yn de saneamde Hoarn fan Afrika mei de Golf fan Aden yn it noarden en de Yndyske Oseaan yn it easten. Somaalje grinzet oan de lannen Dzjibûty, Etioopje, en Kenia en hat mei 3025 km de langste kuststline fan it Afrikaanske kontinint.
Lânskip
It lânskip bestiet foar in grut part út woastyneftige heechflakten en berchgebieten. De heechste pyk fan it lân is de berch Simbiris op 2416 meter hichte. De twa wichtichste rivieren binne de Juba en de Shebely dy't tegearre oan de flakke súdkust in grut sompegebiet foarmje.
It klimaat is yn it noarden woastyneftich en wurdt foar in grut part bepaald troch de moesson. Strannen, natoergebieten en monuminten wienen foar de boargerkriich wichtige toeristenattraktsjes.
Skiednis
Neidat yn de 16e iuw Somaalje ûnder Portegezen en Turkse ynfloed stie, hearske fan de 17e oant 19e iuw de sultan fan Oman oer it gebiet. Op de ein fan de 19e iuw bestjoerde Ingelân de noardlike gebieten as protektoraat (Britsk Somalylân), Itaalje de súdlike gebieten (Italjaansk Somalylân) en de Frânsken it gebiet om Dzjibûty (Frânsk Somalylân). Yn de Twadde Wrâldkriich waard it Italjaanske diel troch de Ingelsen beset holden.
Yn 1960 waard de republyk Somaalje stifte mei Abdirashid Ali Shermarke as premier. Yn 1969 waard hy fermoarde en nommen militêren de macht oer. Der ûntstie in diktatuer dy't yn 1991 te fal brocht waard, sûnt dy tiid woede yn it lân in boargerkriich. Yntervinsjes troch de Feriene Naasjes hawwe hjir gien ein oan meitsje kind.
Demografy
Befolking
Nei skatting hat Somaalje in befolking dy't foar 85% oant 94% út etnyske Somaaljers bestiet[1].
As gefolch fan boargerkriich hat der in grutte diaspora plak fûn, ien fan de grutste op it Afrikaanske kontinint.
Religy
Sawat alle Somaaljers binne soenityske moslims. Dat is yn grut kontrast mei har buorlju dêr't de mearderheid óf kristen is óf oannhinger fan ynhiemske religys. De Islam is foar de Somaaljers dan ek wichtich foar har nasjonale identiteit.
Fuotnoat
- ↑ CIA World Factbook: Somalia, people en Somalia Ethnic groups (CIA neffens de Perry-Castañeda Library Map Collection). De earste jout in oantal fan 15% oan net-Somaaljers en de lêste 6% oan net-Somaaljers.