Solingen
Polityk
LânDútslân
DielsteatNoardryn-Westfalen
DistriktStedsdistrikt
BoargemasterTim Kurzbach (SPD)
Sifers
Ynwennertal159,927 (2010)
Oerflak89,45 km²
Befolkingsticht.1800 / km²
Hichte53–276 m
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
www.solingen.de
Lizzing Solingen yn Dútslân

Solingen is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It leit benoarden Keulen, yn it suden fan it Ruhrgebiet oan de rivier de Wupper. Solingen is ûnderoaren in susterstêd fan Gouda.

Solingen wurdt wol "stêd fan messen" neamd, omdat it al fanâlds bekend is fan de fabrikaazje fan goede swurden, messen, skjirren en skearmessen, dy't makke wurde troch ferneamde firma's sa as DOVO Solingen, Wüsthof, J. A. Henckels, Böker, Eickhorn-Solingen en tal fan oare fabrikanten. Wilkinson Sword sit dêr ek. Dêrom is Solingen te fergelykjen mei Sheffield en Birmingham yn Ingelân. Sa'n 90% fan alle messen yn Dútslân wurde yn Solingen makke.

Ut de skiednis

Solingen waard foar it earst neamd yn 1067 troch in kronykskriuwer dy't de kontrei mei "Solonchon" oantsjutte. Iere farianten fan de namme binne ek "Solengen", "Solungen" en "Soleggen", mar de namme fan no wurdt al brûkt sûnt de lette 14e en iere 15e iuw.

Solingen wie iuwenlang mar in doarpke. Yn de 15e iuw waard it in fersterke stêd. Under de Twadde Wrâldkriich waard de âlde stêd folslein ferwoastge troch alliearde bombardeminten, yn 1944 stoaren dêrtroch 1.040 minsken.

Yn de Midsiuwen joegen de swurdsmidden de namme Solingen al klank. Swurden út Solingen koenen fûn wurde yn de Angelsaksyske keninkriken fan Brittanje en de kwaliteit fan de wapens waard priizge yn hiel Noard-Jeropa en sy waarden oeral yn Europa ferhannele. Yn it lêst fan de 17e iuw brutsen in tal swurdsmidden út Solingen harren gilde-eed troch harren (geheime) smeikeunst ta te passen yn Shotley Bridge, greefskip Durham, yn Ingelân.

It besjen wurdich

Wenten typysk foar Solingen
  • Slot Burg, it kastiel fan de greven fan Berg
  • Rynlânsk Yndustrymuseum Hendrichs, part fan de Europeeske Rûte Yndustrieel Erfskip
  • Klosterkirche, tsjerke (1690)
  • Deutsches Klingenmuseum (Dútsk Messemuseum), swurden en messen út alle tiden
  • Müngstenbrêge, spoarbrêge tusken Solingen en Remscheid, 107 m heech, de heechste spoarbrêge fan Dútslân.
  • Botanyske Tún Solingen

Berne yn Solingen

Müngstener Brücke, spoarbrêge tusken Solingen en Remscheid.

Keppeling om utens

 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte
Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.