Solikamsk
FlaggeWapen
Polityk
Lân Ruslân
KrajPerm
federaal distriktWolga
Sifers
Ynwennertal91 959 (2021)
Oerflak165 km²
Befolkingstichtens552,14 ynw./km²
Hichte150 m
Oar
Stifting1430
TiidsôneUTC+5
Koördinaten59° 38' N 56° 46' E
Websidesolkam.ru

Solikamsk is in stêd yn de Russyske kraj Perm. Foar Peter de Grutte's regear wie Solikamsk it grutste yndustriële sintrum fan tsaristysk Ruslân. Ut dy tiid datearret noch in grut tal tsjerken, dy't tsjûgje fan de wolstân fan de stêd. Tsjintwurdich is Solikamsk nei Perm en Berezniki de grutste stêd yn de kraj Perm.

Skiednis

Solikamsk waard foar it earst yn 1430 neamd, doe't op it plak grutte sâltôfsettings oan de igge fan de Usolka-rivier ûntdutsen waarden. De namme fan de stêd is ôflaat fan it russyske wurd "соль", dat sâlt betsjut, en "Кама" (de Kama-rivier, dy't troch de stêd rint).

Holpen troch de lokaasje oan it begjin fan de iennige wei fan Jeropeesk Ruslân nei Sibearje makke de stêd yn de 17e iuw in grutte bloei mei. De Stroganovfamylje ekploitearre de grutste sâltwinningsfabriken yn de stêd en omkriten. Yn it midden fan de 17e iuw waard Solikamsk ek in sintrum fan koperjitterij.

Nei de oprjochting fan izerfabriken yn Jekaterineburch en Perm en de oanlis fan in súdlike dyk nei Sibearje ferlear de stêd stadichoan oan betsjutting.

De ûntdekking yn 1925 fan de grutste kaliumsâlt- en magnesiumsâltfoarrieden yn 'e wrâld brocht in nije ûntjouwing fan de stêd. Yn 1927 begûnen de wurksumheden oan it earste kaliumsteatsfabryk (kombinat) fan de Sovjet-Uny. Nei de iepening fan de kalisâltkombinat yn 1928 folge in magnesiumkombinat yn 1938 en in grutte papiermûne yn 1941. De stêd barste yn de twadde helte út de foegen en yn 1959 waard de stêd Borovsk (net te ferwikseljen mei de stêd mei deselde namme yn sintraal Ruslân) aneksearre en yn de jierren 1980 wreide de stêd him út mei nije delsettings.

Yn Borovsk wie eartiids it finzenenkamp 366 foar Dútske kriichsfinzenen út de Twadde Wrâldkriich.

Befolkingsûntwikkeling

Jier Ynwenners Opmerking
18974.073 
193933.722ynklusyf 4.349 ynwenners fan de arbeidersdelsetting Borovsk (yn 1959 by Solikamsk foege)
195982.874 
197088.595 
1979101.158 
1989110.098 
2002102.531 
201097.384 

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.