In soldaat (fan it Frânske soldat; froulike foarm: soldate) wie oarspronklik in kriichsman dy't tsjinne yn ruil foar útbetelling fan soldij, yn tsjinstelling ta hearrigen dy't as kriichsman tsjinnen omreden fan lienplicht of hearfeart, of krigers, dy't har taleine op oarlochfiering yn it ramt fan in tribale maatskippij of kultuer. Tsjintwurdich is in soldaat in militêre rang (yn Nederlân sprekt men by sokke lege rangen yn it militêre jargon fan stannen). In legere rang as soldaat is der net; de boppelizzende rang is dy fan korporaal.
In soldaat yn oplieding hjit in rekrút, en in âld-soldaat in feteraan. Soldaten komme foar by de lânmacht en de loftmacht. De ekwivalinte stannen by de marine, de mariniers en de maresjesee binne matroas, marinier, resp. maresjesee. Mei-inoar wurde dy saneamde ûngraduëarre stannen ek manskippen neamd. Sy fersoargje alle legere útfierende taken en binne ynsetber foar ûnderskate tsjinsten binnen de ienheid fan it kriichsmachtsûnderdiel dêr't se ta hearre.
Gradaasjes
Yn it Nederlânske leger is de stân fan soldaat sûnt 2002 ûnderferdield yn trije klassen:
- soldaat 3e klasse: dit is de 'ynstaprang' foar alle manskippen fan it leger; sa'nent folget de Algemiene Militêre Oplieding (AMO)
- ekwivalint mei: matroas 3e klasse by de marine, marinier 3e klasse by de mariniers en maresjesee 4e klasse by de maresjesee
- soldaat 2e klasse: hat de AMO ôfrûne en folget de Inisjele Funksje Oplieding (IFO)
- ekwivalint mei: matroas 2e klasse by de marine, marinier 2e klasse by de mariniers en maresjesee 3e klasse by de maresjesee
- soldaat 1e klasse: hat in automatyske befoardering krigen 1 jier nei ôfrûning fan 'e IFO
- ekwivalint mei: matroas 1e klasse by de marine, marinier 1e klasse by de mariniers en maresjesee 3e klasse by de maresjesee
Skematysk oersjoch
Oersjoch fan 'e ûnderskate manskipstannen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
soldaat 1e klasse of marinier 1e klasse1 | matroas 1e klasse | soldaat 1e klasse |
soldaat 2e klasse of marinier 2e klasse1 |
matroas 2e klasse | soldaat 2e klasse |
soldaat 3e klasse of marinier 3e klasse1 |
matroas 3e klasse | soldaat 3e klasse |
1) by de mariniers
Oansprektitel
De oansprektitel fan in soldaat is yn 'e measte gefallen "soldaat", mar in soldaat yn oplieding wurdt "rekrút" of "kursist" neamd. Fierders hawwe guon wapens en tsjinstfakken in eigen oansprektitel:
- by de kavalery: "huzaar"
- by de artillery: "kanonnier"
- by de ridende artillery: "rider"
- by de ynfantery: "soldaat", mar
- by de grenadiers: "grenadier"
- by de fuseliers: "fuselier"
- by de kommando's: "kommando"
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OR-2 | |||||||
soldaat 1e klasse soldaat (by de artillery: kanonnier; by de kavalery: huzaar) |
matroas 1e klasse matroas (by it Korps Mariniers: marinier 1e klasse, marinier) |
soldaat 1e klasse soldaat |
maresjesee 3e klasse maresjesee | ||||
soldaat 2e klasse soldaat (by de artillery: kanonnier; by de kavalery: huzaar) |
matroas 2e klasse matroas (by it Korps Mariniers: marinier 2e klasse, marinier) |
soldaat 2e klasse soldaat | |||||
NATO rang OR-1 | |||||||
soldaat 3e klasse soldaat (by de artillery: kanonnier; by de kavalery: huzaar) |
matroas 3e klasse matroas (by it Korps Mariniers: marinier 3e klasse, marinier) |
soldaat 3e klasse soldaat |
maresjesee 4e klasse maresjesee |
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |