De Soester Eng, yn Soest meast Súdlike Eng neamd, is in iepen gloaiend ikkerbougebiet fan sa’n 60 ha. It leit op in útrinder fan de Utertse Heuvelrêch. De noardlike side fan de Eng is yn de rin fan de 20e iuw hast beboud wurden troch de groei fan Soestdyk. Op guon plakken leit de Eng sa'n 20 meter boppe de seespegel.
De Gemeente Soest hat de Súdlike Eng yn 1992 oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. Engen of essen, sa’t se yn Drinte neamd wurde, binne bolle ikkers dy’t fanâlds oan de râne fan in doarp ûntstienen troch iuwenlange bedonging. De midsiuwske wize om stikken lân of te skieden middels in inkele stien of peal wurdt op de Eng noch altiten dien. Troch de unike lizzing, midden-yn it doarp, wurdt it troch wannelers en fytsers in soad brûkt. De persielen lizze noch lykas yn de Midsiuwen. Fan boppe-ôf binne der moaie fiergesichten nei de Amersfoartse Berch en it tsjerkje fan Soest-Súd.
De Eng is stadichoan yn kultuer nomd, wêrby’t eltse boer fermoedlik it rjocht hie om it gebiet oer in beskate manier te ûntginnnen. De oarspronklike bosk wie ta heide wurden. De pleats wie oer in paad oer de brink streekrjocht ferbûn mei de Enggrûnen.
De Eng waard fanâlds benammen brûkt foar it ferbouwen fan nôt. Yn 1379 is der in opbringst oan hjouwer, garst, rogge en bokweet. Letter kaam ek de knolletylt yn swang. Fan de leste jierren is it ferbouwen fan snijmaïs der by komd. De Eng waard fan âlds bedonge mei dong út de skieppestâl (potstâl), fermingd mei heideseadden. De skieppestâlen stienen op de Eng. Dit jierlikse bedongjen hat fan gefolgen hân dat op de oarspronklike sângrûn no in sawat 80 sm dikke humeuze grûnlaach leit (swarte enkeardgrûn). Dizze 80 sm komt oerien – neffens de foarûnderstelling fan Staring – mei sa. 800 ûntwikkelingsjierren. Fan it jier 1000 ôf teld komme wy dan yn de 19e iuw út. Yn dy iuw waard de keunstdong útfûn. Dêrtroch feroare it lânbousysteem en dêrmei ek it opheegjen fan de boaiem. Mar de ikkerbou bleau bestean. De Eng fan Soest is op de krún sa goed as beamleas west. De Eng wie ek net beset troch houtwâlen of soksawat. Wol hawwe oan de rânen (rjochting De Bunt, Lyts-Engendaal, Soesterfean) wyldwâlen lein.
De âlde rûte Amersfoart-Amsterdam dy’t al om it jiet 1000 hinne brûkt waard wie ûnderdiel fan in hessenwei en rûn fia de Birktstrjitte en de Koloanjewei oer de Soester Eng. Iuwenlang stie nôtmole De Windhond op de Eng. De boeren gienen mei it nôt fan de ikkers nei de moolner op de hoeke fan de Molewei en de Molestrjitte. Yn 1930 waard de mole ôfbrutsen. De stellingmole stiet sûnt 2007 in eintsje fierder, op in plak tusken de Molewei-Fjildwei-Koloanjewei.
Ien fan de meast ta de ferbylding sprekkende plakken is it Engenberchje. Dit is in grêf út de Jonge Stientiid (sirka 2.500 – 2.000 f.Kr.). De deaden waarden altyd begroeven op hege, en dus drûge, plakken.
Fânâlds binne de Eng en de Iempolder mei elkoar ferbûn. Soest is in lintdoarp dat ûntstien is op de grins fan wiet en drûch. De foet fan de Eng bea de eardere bewenners in feilich en drûch hinnekommen, wylst it leger lizzende lân fan de Iempolder oantreklik wie as healân en greide foar it fee. De boeren dy't in mingd bedriuw hienen, brûkten de heger lizzende Eng foar it ferbouwen fan boekweet, rogge, jirpels, knollen (bekend wiennen de saneamde Soester knollen dat letter de bynamme fan de Soesters waard. De situaasje bestiet noch: molkfeehâlders yn de Iempolder ferbouwe op de hege Eng gewaaksen foar harren kij. Der binne yn 2009 noch altiten mear as tsien boeren dy't de Eng beheare kinne en wolle.
Keppeling om utens
Soest | ||
---|---|---|
Doarpen: Soest • Soestduinen • Soesterberg | ||
Buorskippen: Soester Eng • Soestdyk | ||
wizigje |