Soölogie (of dierkunde) is in stúdzjefjild fan de biology dat dieren bestudearret.
Ear't yn 1859 de evolúsjeteory publisearre waard, wie de soölogy fral beskriuwend. Foar de 16e iuw bestie de Soölogy sels allinnich út it garjen fan beskriuwings fan dieren. Fan de 19e iuw ôf komt der ek ûndersyk nei it oerlibjen en útstjerren fan soarten.
Parten fan de Soölogy
- dierfysiology (mei û.a. histology en embryology)
- anatomy en morfology
- gedrachsbiology
- ekology en populaasjebiology
Stúdzje fan diergroepen:
- entomology (ynsekten)
- herpetology (reptilen en amfibyen)
- batrachology (amfibyen)
- ichtyology (fisken)
- karsinology (kreefteftigen)
- malakology (weakdieren)
- konkology (skelpen)
- mammalogy (sûchdieren)
- ornitology (fûgels)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.