In snoadfoan (Ingelsk: smartphone) is in mobile tillefoan dy soad kompjûtermooglikheden biedt en foar it earst yntrodusearre waard yn 1999. Yn 2013 waarden der mear as in miljard snoadfoans ferkocht.[1]
- Ien fan de earste snoadfoans (1996)
- Snoadfoan mei Palm OS (2003)
- Earste Android-snoadfoan (2008)
Skaaimerken
Folle mobile telefoantsjes biede de mooglikheid adressen en ôfspraken op te slaan, mobyl ynternet (e-maile, op it ynternet surfe en chatte), musyk te beharkje en filmkes te besjen, mar in snoadfoan biedt faak noch justjes mear. Se kinne bygelyks in inboude gps-ûntfanger hawwe, de mooglikheid om te syngronisearje mei Microsoft Outlook of Lotus Notes, en/of de mooglikheid hawwe ferbining te meitsjen mei bedriuwsnetwurken.
Bestjoeringssystemen
- Android fan Google Inc.
- Firefox OS fan Mozilla Foundation
- iOS fan Apple Inc.
- Tizen fan Samsung Electronics
- Ubuntu Phone fan Canonical Ltd.
- Windows Phone fan Microsoft
- Sailfish OS fan Jolla
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Smartphones fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.