Sluis
Nôtmûne De Brak mei earrebarrenêst
FlaggeWapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Sluis
Sifers
Ynwennertal2.365 (2020 [1])
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidewww.sluisonline.nl

Sluis is in stêd yn de gemeente mei deselde namme yn it westen fan Siuwsk-Flaanderen yn de provinsje Seelân.

Gemeente

Sluis wie oant 1995 in selsstannige gemeente en fusearre yn dat jier mei de gemeente Aardenburg ta de gemeente Sluis-Aardenburg. Dy gemeente hat mar koart bestien, want by de werindieling fan 1 jannewaris 2003 waarden de gemeenten Sluis-Aardenburg en Oostburg gearfoege ta de gemeente Sluis. It gemeentehûs stiet yn it gruttere Oostburg.

Skiednis

Sluis waard nei alle gedachten yn 1260 stifte troch de Flaamske greve Jan I fan Namen en hiet oarspronklik Lamminsvliet. Yn 1324 krige it plak de hjoeddeiske namme. De stêd hat it ûntstean te tankjen oan it fersânjen fan It Swin. Dêrtroch rekke de hannelstêd Brugge de ferbining mei de see kwyt en waard Sluis in wichtige haven foar Brugge. Al yn 1290 krige Sluis stedsrjochten en troch de strategyske lizzing waard yn 1382 in fêsting oanlein. Yn 1340 fûn by de mûning fan it Swin de Slach by Sluis plak, de opmjitte ta de Hûndertjierrige Kriich. Yn 1385 waard útein set mei de bou fan it kastiel fan Sluis, dat by de Frânske ynfal fan 1794 slim skeind waard en yn 1820 ôfbrutsen wurde moast.

Sûnt 1387 wie Sluis de wichtichste Boergondyske floathaven. Op 7 jannewaris 1430 boasken Filips de Goede en Isabella fan Portugal yn Sluis, itjinge in soad seit oer de status fan de stêd yn dy tiid. De stêd bloeide fierder oant likernôch healwei de 15e iuw, doe't it ferfal ynsette troch it fierdere fersânjen fan it Swin.

Maurits fan Nassau oermasteret Sluis

Ek yn de Tachtichjierrige Kriich spile de stêd in rol as fêstingstêd. Yn 1587 oermastere de hartoch fan Parma Sluis. De Spaanske besetting duorre oant 1604, doe't nei in belis de Spanjaarden de stêd ferlieten en Maurits fan Nassau de stêd yn besit krige.

Op 25 augustus 1796 moast de stêd fanwegen û.o. sykte it ferset opjaan tsjin in wikenlang belis fan Frânske troepen.

Oan it begjin fan de 20e iuw fêstigen trije Frânske kleasteroarders harren yn Sluis, om't de oarders fanwegen sekularisaasjepolityk harren kleasters yn Frankryk slute moasten. Dat liede ta mear Frânsk toerisme yn de wykeinen, sadat yn Sluis al sûnt 1908 de winkels sneins iepen mochten. Ek de Belgen makken dêr jimmeroan mear gebrûk fan en ek nei't de kleasters wer ferdwûnen bleaune de winkels op snein iepen.

By alliearde bombardeminten waard Sluis yn de Twadde Wrâldkriich op 11 oktober 1944 foar in grut part ferneatige. Ienensechtich boargers soene de befrijing net mear meimeitsje. Op 1 novimber 1944 wist it Kanadeeske North Shore Regiment de Dútsers te oermasterjen. De stêd waard nei de kriich rekonstruëarre.

Eartiids hie Sluis in rjochtstreekse ferbining mei de Noardsee en de Westerskelde oer it Swin. In oerbliuwsel fan it Swin is de Damse Vaart, in kanaal dat troch it fersânjen stadichoan de rin fan it natuerlike Swin ferfong. De Damse Vaart rint dea yn Sluis en eartiids wie der in haven, mar sûnt de Frânsen yn 1940 de grûndûkers by it Leopoldkanaal opblaasden en der letter damen oanlein waarden is skipfeart net mear mooglik.

It besjen wurdich

Alhoewol't Sluis yn 1944 en ek it belfort foar it measte troch de bombardeminten yn de kriich ferneatige waard, is it sintrum wer opboud en bleaune de bolwurken yntakt.

<center''Belfort
  • Yn it lytse histoaryske sintrum stiet it iennige belfort fan Nederlân. Yn it yn de twadde helte fan de 15e iuw boude monumint is in histoarysk museum ûnderbrocht.
  • De nôtmûne De Brak stiet oan de Nieuwstraat. De mûne waard boud yn 1739 en nei de kriich wer opboud yn 1950.
  • De eardere Sint-Janstsjerke wie fan Sluis en omkriten de grutste tsjerke en datearre út de 14e iuw. De tsjerke waard yn 1811 troch brân ferneatige en yn 1823 lang om let ôfbrutsen. De fûneminten en in tal grêfsarken binne bleatlein en konservearre.
  • De âlde bolwurken mei resten fan de Westerpoarte om de stêd binne noch foar in grut part bewarre bleaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sluis (stad)


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.