Sljucht en Rjucht wie in Frysk wykblêd foar folkslektuer, oprjochte yn 1890.

It blêd waard laat troch Waling Dykstra fan 1897 - 1914, troch Jacob van der Tol fan 1914 - 1937 en troch Durkje Rienks-Wallinga fan 1937 - 1941. Utjouwer wie W. A. Eisna Cz te Ljouwert.

Nei de Twadde Wrâldkriich is it blêd ferfongen troch Frysk en Frij.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J. H. en oaren, red Encyclopedie van Friesland, 1958. Sljucht en rjucht

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.