De Slikenboarch wie in stins fan it eardere Konvint fan Skoat by it doarp Slikenboarch, gemeente Weststellingwerf. Fan de boarch is neat werom te finen.
De boarch komt al yn 1398 foar. Op it plak dêr't no it doarp Slikenboarch leit, wie eartiids op it plak dêr't de Linde en Tsjonger gearrinne in fear foar minsken dy't nei De Kúnder woene. Oant likernôch 1470 krige it kleaster dêr in soad ynkomsten út.
Yn de trettjinde iuw stie de biskop it fearrjocht en ûnreplik guod oan it kleaster ôf. By it guod hearde ek een saet lants, geheiten Slikenborch.
Yn 1398 waard praat fan in slot of kastiel, dat mei Slikenboarch te krijen hat. Yn dat jier krijt de baljuw Claes Vroukyn Soen fan Hartoch Albrecht fan Beieren de opdracht it huys ende slot tot Slikenborch te behearen.
Yn de midsiuwen waarden in tal stikken grûn yn de hjoeddeiske Bûtenpolder efter De Kúnder al sleken of sliken neamd. Sliken ferwiist nei sa út en troch drûchlizzende, oanslike, noch net yndike klaaigrûn. Yn dit gefal roch de Sudersee oanfierde klaai. Dêr waard it slot Slikenboarch boud en dat ferklearret de namme fan it kastiel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |