In slieperdyk is in reservedyk yn it lân by in seedyk, op in plak dêr't it risiko fan dyktrochbrek grut is. Faak binne slieperdiken âlde diken dêr't de primêre wetterkearende funksje fan ferfallen is troch de oanlis fan in nije dyk dêrfoar. De slieperdyk is in potinsjele seewarring, mar sliept om it sa te sizzen. Slieperdiken binne fral te finen yn it Skelde-estuarium, efter de Hondsbossche zeewering en de Waadseekust bylâns. Yn de omkriten fan de Biesbosch en it Hollandsch Diep lizze ek diken dy't as slieperdiken oantsjut wurde meie (bygelyks de Uppelsedyk en de Kildyk yn it Lân fan Heusden en Altena).
Slieperdiken hawwe teoretysk gjin seewarrende fuksje mear no't de seediken op Deltahichte brocht binne. Lykwols wurde se faak oanhâlden om it lân yn kompartiminten te ferdielen, om it ûnderstrûpen fan it hiele efterlân foar te kommen as te fertraagjen. Sokke slieperdiken wurde dan klassifisearre as regionale of sekundêre wetterkearingen. Dêrnjonken wurde slieperdiken fanwege harren kultuerhistoaryske-, natuer- en lânskiplike wearde beskerme.