Sleeswyk-Holstein | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Dútslân | |
Basisgegevens | |
Lân | Dútslân |
Haadstêd | Kiel |
Oerflakte | 15.761,4 km² |
Befolking | 2.833.250 (31-03-2007) |
Befolkingstichtens | 178 ynw./km² |
Distrikten | |
Sleeswyk-Holstein (Dútsk: Schleswig-Holstein; Deensk: Slesvig-Holsten; Noardfrysk: Slaswik-Holstiinj) is in dielsteat (Bundesland) fan Dútslân, mei 2.820.000 ynwenners (2003), en mei in oerflak fan 15.761 km². Sleeswyk-Holstein waard yn 1946 oprjochte út 'e Provinsje Sleeswyk-Holstein fan 'e Frijsteat Prusen yn nazy-Dútslân. Foar 1866 bestie it út twa parten: Hartochdom Sleeswyk en Hartochdom Holstein.
Talen
It Dútsk slacht foar master op yn Sleeswyk-Holstein. De twadde (minderheids)taal is it Deensk, mei sa'n 50.000 sprekkers. Yn de Kreis Noard-Fryslân (Fraschlönj) praat 10% fan de befolking Noardfrysk. Yn Flensburch is de lokale krante trijetalich Deensk, Dútsk en Noardfrysk.
Yndieling
De haadstêd is Kiel. De steat is, dy haadstêdregio meiteld, opdield yn 11 distrikten en 8 stêden:
Distrikten
|
|
Stêden
Polityk
Yn Sleeswyk-Holstein krije de FDP en de Grienen oer it generaal minder stimmen by de ferkiezings as yn oare West-Dútske dielsteaten. De SPD is benammen yn 'e stêden grut, en de CDU is populêr yn Noard-Fryslân en Ditmarschen, en yn 'e plattelâns mienskippen fan Steinburch, Rendsburch-Eckernförde en krite Segeberch.
De Südschleswigsche Wählerverband is wat bysûnders, dy partij fertsjintwurdiget de politike belangen fan de Deenske en Fryske minderheid. De Südschleswigsche Wählerverband hoecht net te foldwaan oan de fiif persint kiesdrompel om yn 'e lândei fan Sleeswyk-Holstein te kommen.
Ferkiezings lândei Sleeswyk-Holstein | |||||
---|---|---|---|---|---|
Partij | % 2000 | % 2005 | Z. 2000 | Z. 2005 | |
CDU | 35,2 | 40,2 | 33 | 30 | |
SPD | 43,1 | 38,7 | 41 | 29 | |
FDP | 7,6 | 6,6 | 7 | 4 | |
Grienen | 6,2 | 6,2 | 5 | 4 | |
SSW | 4,1 | 3,6 | 3 | 2 | |
Meiïnoar | 89 | 69 |
Keppeling om utens
Landkreise Dithmarschen - Herzogtum Lauenburg - Noard-Fryslân - Ostholstein - Pinneberg - Plön - Rendsburg-Eckernförde - Sleeswyk-Flensburch - Segeberg - Steinburg - Stromarn Kreisfreie Städte |