Festigingen fan de WIC dy't ta de Slavekust rekkene waarden

De Slavekust wie in hannelsgebiet fan de Westyndyske Kompanjy (WIC), oan de Baai fan Benyn, yn West-Afrika. De faktorijen leine yn Nigeria, Benyn en Togo. Ek waard it eilân Sao Tomee ta it gebiet rekkene. De faktorijen waarden hast allinne brûkt om slaven te ronseljen foar de slavehannel op Amearika. De Slavekust lei beëasten de folle gruttere Goudkust, dêr't njonken goud ek slaven weihelle waarden.

Festingen

Plakken dêr't de WIC faktorijen hie, wine:

  • Appa, fan: 1732 - 1736.
  • Meidoarp/Meiborch, perioade net witten.
  • Agathon, fan: 1717 - ?.
  • Allada, fan: 1660 - ?.
  • Aneho, fan: 1731 - 1760
  • Annobon, fan: 1641 - ?. (? - 1778 Portugeesk, 1778-1968 Spaansk)
  • Badagri, fan: 1737 - 1748.
  • Benyn Stêd (no de haadstêd fan de Nigeriaanske steat Edo), fan: 1660 - 1740.
  • Epe, van: 1732 - 1755.
  • Grand-Popo, fan: 1660 - ?.
  • Jaquim, fan: 1726 - 1734 (Fort Zelandia).
  • Offra, fan: 1660 - 1691.
  • Ouidah, 1670 - 1724.
  • Prinsipe, om 1589
  • Sao Tomé, fan: 1641 - 1648.
  • Save, fan: 1660 - ?.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.