Slachtetille
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
koördinaten53°11′48″ N 5°30′37″ E
bysûnderheden
type bouwurkbrêge (eins fiadukt)
subtypetuibrêge
boujier2008
arsjitektRein Hofstra
oerbrêgetA31
kaart
Slachtetille (Frjentsjer)
Slachtetille

De Slachtetille is in ferbining foar fuotgongers, dy't noard fan Frjentsjer de rykswei A31 fan Ljouwert nei Harns oerspant.[1][2][3] Dêrby ferbynt dizze brêge (eins in lyts fiadukt) ter hichte fan 'e buorskip Getswertersyl[1] twa kuierpaden dy't diel útmeitsje fan 'e rûte fan 'e Slachtemaraton.[1][2][3]

Skiednis

By de earste beide edysjes fan 'e Slachtemaraton, yn 2000 en 2004, moasten de dielnimmers boppe Frjentsjer omrinne om 'e A31 oerstekke te kinnen. Foar de edysje fan 2008 krige de Grouster arsjitekt Rein Hofstra fan 'e doetiidske gemeente Frjentsjerteradiel opdracht om in brêge oer de rykswei te ûntwerpen, sadat de kuierders de eksakte rûte fan 'e âlde Slachtedyk tusken Easterbierrum en Easterwierrum folgje koene.[1]

De Slachtetille by sinne-opgong.

De ranke Slachtetille, mei 20 m hege pyloanen en tuibôgen,[1][2] waard yn 2008 teplak set[1][2] en wie sûnt in tige yn it each springend ferskynsel foar it ferkear op 'e A31.[1] Tusken 2008 en 2019 makken nei skatting 60.000 kuierders fan 'e brêge gebrûk, wêrby't it foar it meastepart om dielnimmers oan 'e Slachtemaratons fan 2008, 2012 en 2016 gie.[1]

Op 10 novimber 2019 waard de rykswei moarns ier ôfsletten om it gefaarte yn dielen fan syn plak te takeljen.[1][2][3] De dielen waarden dêrnei foar in heechnedige ûnderhâldsbeurt[1][2][3] ûnder hannen nommen troch it Harnzer bedriuw Koninklijke Oosterhof Holman.[2] Op 29 maart 2020 waard de brêge wer werom op syn plak set.[4]

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 Pennewaard, Koen, Slachtebrug brengt 'bezoekje' aan de tandarts, yn: de Ljouwerter Krante, 11 novimber 2019, s. 18-19.
  2. 1 2 3 4 5 6 7 ——, Slachtetille in onderhoud, yn: de Frjentsjerter Krante, 13 novimber 2019, s. 3.
  3. 1 2 3 4 ——, Wandelbrug Slachtetille weggetild, yn: van Wad tot Stad, 12 novimber 2019, s. 1.
  4. ——, De Slachtetille terug op zijn plek, yn: de Ljouwerter Krante, 30 maart 2020, s. 22.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.